Dizze simmer yn Buro de Vries: libbensferhalen fan wize âldere Friezen

© Omrop Fryslân
Buro de Vries siket de kommende simmer libbensferhalen op fan bekende(re) Friezen en Friezinnen op leeftiid. Aldere en wize minsken dy't werom sjogge op harren jeugd en wat dat foar ynfloed hân hat op harren libben.
Buro de Vries reizget mei de gasten ôf nei de berteplakken om oantinkens op te heljen en te sjen wat der fan harren bertehûs bygelyks oerbleaun is. Yn watfoar húshâlding groeiden se op? En binne se wurden wat se woene doe't se noch jong wiene?

Leny Dykstra

Yn de sechsde útstjoering fan snein 14 augustus is Buro de Vries op stap mei aktrise Leny Dykstra.
Ek siler Anne Tjerkstra en Sytze Faber diele dizze simmer harren libbensferhaal yn Buro de Vries.
'Old and Wise'
Dizze simmer dus 'Old and Wise' by Buro de Vries. De libbensferhalen binne te belústerjen om 12.00 oere op de radio, mar ek fia de podcast-app.
Tusken 11.00 en 12.00 oere dûkt Buro de Vries yn de argiven fan it Buro, mei ek moaie en nijsgjirrige ferhalen.
Buro de Vries is alle sneinen tusken 11.00 en 13.00 oere te hearren by Omrop Fryslân.