D66, CU en CDA yn Den Haag: Kabinet moat mear dwaan foar it Frysk en net út Tresoar stappe

Romke de Jong © ANP
It kabinet moat net allinnich sizze dat it de Fryske taal en kultuer wichtich fynt, mar ek mear dwaan foar it Frysk. Twadde Keamerlid Romke de Jong (D66) fan De Gordyk skriuwt dat yn syn Frysktalige ynbring foar in skriftlik oerlis oer it Frysk yn de Twadde Keamer.
De Jong makket him foaral soargen oer de posysje fan kultuer-histoarysk sintrum Tresoar yn Ljouwert, mar wol ek mear omtinken fan it Ryk foar it Frysk yn it ûnderwiis, yn de media en yn de rjochtspraak.

Ryk wol argiven net mear stypje

Tresoar wurdt op it stuit stipe troch de provinsje en it Ryk, mar it Ryk hat oankundige him weromlûke te wollen út alle regionale argiven. Yn it gefal fan Tresoar kin dat net, seit De Jong, fanwege de wichtige funksje fan dizze 'skatkeamer' foar de Fryske taal, kultuer en literatuer.
Tresoar is in unyk dokumintaasjesintrum fanwege it Frysk, it Ryk kin dêr net samar útstappe.
D66-Twadde Keamerlid Romke de Jong
It eardere Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD) is ûnderdiel fan Tresoar. Oer Tresoar binne ôfspraken makke yn it Bestjoersakkoart Fryske Taal en Kultuer (BFTK). "Tresoar is in unyk dokumintaasjesintrum, krekt fanwege it Frysk. It Ryk kin dêr net samar útstappe", ornearret De Jong.
It skriftlik oerlis oer it Frysk yn de keamerkommisje foar Ynlânske Saken is oanfrege troch Twadde Keamerlid Stieneke van der Graaf fan de ChristenUnie. Sy fynt dat Rykstsjinsten by it meartalich oanbieden fan ynformaasje folle mear as no it Frysk meinimme moatte soene as taalopsje. Leden har partij fine it spitich dat it Frysk no noch te faak fergetten wurdt troch Rykstsjinsten. Van der Graaf pleitet der ek foar om de oanbellings dy't it Ryk geregeld krijt fan de Ried fan Europa in plak te jaan yn it nije Bestjoersakkoart Fryske Taal en Kultuer.

'Finansjele bydrage fak Frysk te meager'

It CDA frege yn har ynbring omtinken foar de finansiering fan it fak Frysk yn it basis en it fuortset ûnderwiis. It CDA hat de yndruk dat de oanfoljende finansjele bydrage foar it fak Frysk te meager is en dat dit in ûntmoedigjend effekt hawwe kin op de skoallen.
D66 neamt de besteande finansjele stipe foar it fak Frysk fan 10,20 euro de learling 'net genôch' en fynt dat de minister dêr op 'e nij nei sjen moat.

'Ryk kin mear dwaan oan sichtberens fan it Frysk'

D66 en CDA binne beide yn prinsipe posityf oer it koartlyn sletten akkoart tusken Ryk en provinsje oer de sichtberens fan it Frysk, mar ek hjir fynt Romke de Jong dat benammen it Ryk wol wat mear dwaan kin.
"Yn de praktyk komt de útfiering en de finansiering benammen ta lêste fan de provinsje", skriuwt De Jong. It is neffens him 'eksimplarysk' foar hoe't it Ryk omgiet mei it Frysk taalbelied. "It Ryk nimt faak gjin of net folle ferantwurdlikheid foar útfiering en bekostiging." It ambysjenivo mei fan De Jong ek wol wat heger.
© Omrop Fryslân, Lennard Geerts
It Ryk makket yn it akkoart romte foar 'tydlike ferkearsbuorden' yn it Frysk, mar net foar permaninte. Dat betsjut dat de gemeente Achtkarspelen noch hieltyd gjin ferkearsbuorden pleatse kin mei de tekst 'fytspaad' yn plak fan 'fietspad'.
De gemeenteried naam al jierren lyn it beslút om buorden mei it wurd 'fytspaad' te pleatsen, mar hat dat nea útfierd, omdat in boerd mei dy tekst gjin wetlike basis hat. "Ik fyn buorden mei it wurd 'fytspaad' eins in hiel goed idee", seit De Jong, "want dan makkest de de taal echt sichtber. Ik wol dêrom graach fan de minister wite wêrom't soks net kinne soe."

Ynbring yn it Frysk

In skriftlik oerlis hâldt yn dat Keamerleden stânpunten en fragen yntsjinje kinne. De Jong hat dat yn it Frysk dien, mar der wol in oersetting bylevere foar minister Hanke Bruins Slot en har amtners. Dy komme nei ferrin fan tiid mei antwurden.
As de Keamerleden net tefreden binne oer de antwurden, kin oanslutend in koart Keamerdebat oanfrege wurde, mar dat is dan wol nei it simmerreses. De ynbring fan ChristenUnie en CDA wie yn it Nederlânsk.
Twadde Keamerlid Romke de Jong oer de ryksynspannings foar it Frysk