Tall Ships-evenemint soarget foar minder Arriva-bussen op oare plakken

In bus fan Arriva © ANP
Ferfierder Arriva kin fan it simmer net garandearje dat minsken yn wetterryk gebiet har oanslutingen mei de bus helje. Fanwegen brêgen dy't faak iepen steane, past Arriva de tsjinstregeling oan.
Op buslinen yn de omkriten fan Snits feroaret de oankomst- en fertrektiid mei maksimaal njoggen minuten.
Fierder begjint de simmerfakânsjetsjinstregeling trije dagen earder as earder pland, nammentlik op 14 july. Dat hat mei it Tall Ships-evenemint yn Harns te krijen.
Dêr wurde in soad minsken ferwachte. Om dat oan te kinnen, moat Arriva ekstra bussen achter de hân ha. Op oare plakken ride dêrom minder bussen.

Linen ferfalle

Yn de simmerfakânsje ride in soad buslinen minder faak as gewoan. Guon buslinen ride fan 14 july ôf hielendal net: dat giet om de linen 511, 518, 538, 539, 561, 603, 612, 615, 621, 651, 655, 692, 695 en 698. Arriva seit dat minsken de Opstapper brûke kinne as alternatyf.
De simmertsjinstregeling fan Arriva duorret oant en mei 27 augustus.