It ferhaal fan Jouke: "Ik wol witte wêrom't de plysje sketten hat"

Jouke Hospes, de 16-jierrige jonge op wa't tiisdeitejûn by de boeredemonstraasje op It Hearrenfean sketten waard, wol yn petear mei de plysje-agint dy't him ûnder fjoer naam. Yn in wiidweidich ynterview mei Omrop Fryslân docht Hospes syn ferhaal. "De fraach is wat der no krekt bard is."
"It begûn allegear by it distribúsjesintrum op It Hearrenfean", seit Jouke. "Wy wiene dêrhinne om't wy fan ús hearre litte woene. Wy ha sels in pleats yn Akkrum en myn bruorren en ik wolle graach de boel oernimme. Sûnt de stikstofkaart is it al ûnrêstich."
Jouke oer it sjitten
"De sfear wie goed. Op in bepaald momint kaam de plysje en waard sein dat de ME alles skjinfeie soe. Dat betsjutte dat wy der allegear fuort wêze moasten. Dat ha wy ek dien. Doe binne wy rjochting Thialf gien. Dêr wie it ek gesellich, mar op in bepaald momint woene wy nei de McDonald's. In rûntsje troch It Hearrenfean hinne."
"Je folgje de stoet fan trekkers. Under by de sneldyk stiene twa plysje-auto's. Al dy oare trekkers rieden deromhinne en sa bleau ik allinnich oer. Ik woe der doe ek bydel en ik soe rêstich de oare kant út."
"Dat sjogge je ek op it filmke, dat ik fuortryd. Doe't ik fuort wie, hearde ik in doffe knal en die bliken dat der sketten wie. Earst tocht ik oan rubberen kûgels, mar doe't ik yn Aldehaske útstapte om te sjen wat der bard wie, siet der in grut gat yn de trekker."
Jouke fertelt oer de protesten
By Aldehaske waard Jouke oanhâlden troch de plysje op fertinking fan deaslach, wêrnei't hy oerbrocht waard nei de finzenis yn Ljouwert. Juster kamen in soad boeren nei de finzenis om him te stypjen. Uteinlik waard Jouke om 21.15 oere frijlitten.
"It giet frij goed mei my, mar it is in dûbeld gefoel. Je binne frij, mar der hat wol ien op dy sketten. Ik wol ek witte fan de plysje wêrom't sy dit dien ha. De fertinking fan besykjen ta deaslach is troch de offisier fan justysje fuorthelle, mar ik bin noch wol fertochte. De fraach is wat der allegear no krekt bard is. Je kinne op it filmke sjen dat ik neat ferkeard doch."
Op ynternet gie al rap in filmke rûn wêrop't te sjen is dat Jouke by de agint fuortrydt. Op de fraach wat dêrfoar barde, seit Jouke op wisse toan. "De sfear wie goed gesellich. Der wie echt neat oan de hân. Dus ik wol witte fan dy agint wêrom't hy dit dien hat, want it hie ferkeard gean kinnen. Ik hie wol dea wêze kinnen."
Op ynternet gie al rap in filmke rûn wêrop't te sjen is dat Jouke by de agint fuortrydt. Op de fraach wat dêrfoar barde, seit Jouke op wisse toan. "De sfear wie goed gesellich. Der wie echt neat oan de hân. Dus ik wol witte fan dy agint wêrom't hy dit dien hat, want it hie ferkeard gean kinnen. Ik hie wol dea wêze kinnen."
Jouke Hospes wol mei de plysje yn petear