Reeën en oare bisten op yndustryterreinen by Eastermar en Koatstertille

In ree mei in lytse ree op it terrein fan Vermilion Energy © Ynnatura
It libbet op de yndustryterreinen by Skûlenboarch en Koatstertille. Bylden op wyldkamera's toane oan dat der hiel wat bisten libje tusken de betonprodusint, it asfaltbedriuw en de autosloper.
De yndustryterreinen lizze oan it Prinses Margrietkanaal: Skûlenboarch by Eastermar súdlik fan it kanaal en Westkearn by Koatstertille noardlike fan it kanaal.
Yn desimber binne alve kamera's pleatst yn de gebieten. Dy kinne ek nachtopnames meitsje. Earder wiene al spoaren fûn fan in foks en in otter. Mar dy soene dêr komselden foarkomme, sa wie it idee, fertelt Theun Wiersma fan de stichting Ynnatura.
Syn stichting wol bydrage oan it natuerliker meitsjen fan Fryslân. Dit fergrieningsprojekt op de yndustryterreinen by Skûlenboarch en Koatstertille is in proef. Njoggen bedriuwen dogge dêroan mei, plus de gemeenten Achtkarspelen en Tytsjersteradiel.
Ut de proef hat bliken dien dat ferskate bisten op de yndustryterreinen fêstlein binne op byld: de foks en de otter, mar ek de ielreager en de mûzefalk.
Reeën komme it meast foar op de kamerabylden. Dy lêste bistesoart is mar leafst in lyts fjouwerhûndert kear fêstlein, fertelt Theun Wiersma. "Ferwachtest net dat soks dêr foarkomt en dan safolle."
Theun Wiersma fan de stichting Ynnatura
De stichting wol ideeën útdrage hoe't bedriuwen mei in soad stien om de doar natuerliker makke wurde kinne. Der binne faunafoarsjennings oanlein, lykas fûgelkastjes. Der is ek in gruttere fûgelkast foar de noardske falk boppe-op in loads yn Koatstertille delset. De bedoeling is dat de fûgel dêr in nêst makket en briedt.
Op 't heden wurdt de bestrjitting ferfongen troch beplanting sadat ek de lytsere bistjes mear weromkomme. Wiersma: "Dan komme de wat gruttere bistjes en de grutte sûchdieren letter ek wol."
Mei dit fergrieningsprojekt wol de stichting ek in bydrage leverje oan de oplossing fan de stikstofkrisis. It ferskaat oan soarten yn de natuer is hurd achterútbuorke en dat komt ûnder oare troch stikstof, seit Wiersma.