Advokaat: famylje fertochte (16) oerwaget oanjefte tsjin plysje om sjitynsidint

De plysje op de A32 nei it ynsidint © ProNews
De famylje fan de 16-jierrige fertochte dy't oppakt is by in boereprotestaksje by It Hearrenfean, tinkt der oer om oanjefte te dwaan tsjin de plysje.
Dat befêstiget harren advokaat Robert Snorn nei berjochtjouwing yn it AD. "Het is een persoonlijke afweging van de familie, maar ik zou me kunnen voorstellen dat ze aangifte doen", seit Snorn.

Frijlitten

By it protest is by de oprit nei de A32 troch de plysje sketten, sawol rjochte as ta warskôging. Dêrby is de trekker fan de jonge rekke. Dêrnei is er oppakt mei twa oare manlju: in 46-jierrige man út Opsterlân en in 34-jierrige man út de gemeente Hearrenfean. Woansdei binne de trije fertochten wer frijlitten.
It Iepenbier Ministearje fertocht it trijetal earst fan besykjen ta deaslach, mar sjocht dy oanlieding net langer. Neffens advokaat Snorn is der gjin fertinking fan in strafber feit mear tsjin de 16-jierrige. "Heechút in ferkearsoertrêding."

Oandien

Snorn seit dat it goed giet mei de jonge. "Hy is behoarlik oandien, mar it is in fleurige jonge. Hy is goed behannele op it plysjeburo."