Europeeske jongeren prate yn Feanwâlden oer takomst plattelânsdoarpen

De jongeren by in workshop fan MOVE22 © RTV NOF
Tweintich jongeren en seis folwoeksenen út Servië, Kroäsië, Grikelân, Litouwen en Nederlân binne dizze wike yn Feanwâlden byinoar om mei-inoar nei te tinken en te praten oer de takomst fan plattelânsdoarpen yn Europa.
By it ynternasjonale útwikselingsprojekt MOVE22 wurkje de jongeren mei-inoar oan in publike einfoarstelling, dy't tongersdeitejûn opfierd wurdt op de Mariahoeve oan it Bûtefjild.
De jongeren, dy't tusken de 16 en 22 jier binne, leare op it kamp boppedat oer harsels en fan inoar. Mei ferskate kultueren byinoar binne der oerienkomsten en ferskillen.
"We prate oer hoe't it is om as jongfolwoeksene yn in lyts doarp te wenjen", seit Titia Groenhof út Feanwâlden. "It earste wat my opfoel, wie dat jim gjin wiidweidige lunch hawwe", fertelt Mykolas út Litouwen. "Wat wol oerienkomt is hoe't elkenien hjir mei-inoar is. Us ken ús en it hiele doarp soarget foarinoar", seit Petra út Kroäsië.
De groep hat ek by de Waadprojekten De Kromme Horne by Wierum en de Terp fan de Takomst by Blije west te sjen. Op de seedyk by Wierum learden se oer de striid tusken de minske en it wetter lâns de Nederlânske en Fryske kust.
De ynternasjonale groep jongerein op besite yn Wierum © Eigen foto
MOVE22 is in sydline fan in langer rinnend projekt wêryn't, ynspirearre troch it projekt Iepen Doar(p) út 2018, it libben en de minsken yn ferskate Europeeske doarpen fêstlein wurdt. Ferline jier wie de útwikselingswike yn Kroäsië.