Lanlike CDA wol fêst kanaal foar regionale stjoerders, by foarkar kanaal 10

Omrop Fryslân-ferslachjouwer Andor Faber en kameraman Ronald Talma oan it wurk © Orange Pictures
It CDA wol dat regionale omroppen better fûn wurde. Dêrom pleitet Twadde Keamerlid Lucille Werner foar in fêst tv-kanaal foar regionale stjoerders, by foarkar nûmer 10.
Werner die har foarstel by it debat oer it mediabelied fan woansdei yn de Twadde Keamer. Regionale omroppen in fêst kanaal jaan kin mei in wetswiziging. Dat is nedich, want pakketoanbieders binne net altyd ree om wurkbere ôfspraken te meitsjen oer kanaalnûmers, fynt Werner.
De steatssekretaris foar Kultuer en Media moat noch op it CDA-foarstel reagearje. Njonken in fêst kanaal foar regionale stjoerders pleitet Werner ek foar it trochûntwikkeljen fan it regioblok op it lanlike NPO 2. Bygelyks mei in oar, geunstiger útstjoertiidstip en mei mear rezjy by de regionale omroppen sels.