Organisaasje Eilân begjint ûndersyk: "Dingen zijn niet zo gelopen zoals het zou moeten"

Daniel van Drunen fan de organisaasje fan it festival Eilân © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
De organisaasje fan it festival Eilân op Skylge begjint mei in ûndersyk. Organisator Daniel van Drunen hat oanwizingen dat de gemeente flaters makke hat by it ferlienen fan de fergunning.
"Ik heb een sterk vermoeden dat dingen niet helemaal zijn gelopen zoals het eigenlijk zou moeten", seit Van Drunen.
Neffens him hat de gemeente him net profesjoneel gedroegen. "Het moet gewoon niet zo zijn dat je als lokale overheid begin 2021 laat weten dat er een positieve grondhouding is, en dat je dan een jaar later in de media laat weten dat de organisatie eigenlijk niet welkom is op het eiland."
"Er is een heel sterk precedent", seit organisator Daniel van Drunen
Van Drunen hie goede hoop dat it festival dizze kear trochgean koe. De organisaasje hie nammentlik trije fergunningen nedich: in natuerfergunning, in omjouwingsfergunning en in evenemintefergunning.
De earste twa wiene ôfjûn en foar de lêste hat de gemeente yn febrewaris in posityf foarnommen beslút jûn. Dat foarnommen beslút is dochs feroare.

Oar beslút nei lokaasjebesite

Dat komt neffens boargemaster Caroline van de Pol troch in oar advys fan de feilichheidstsjinsten. "Op basis van wat de organisatie heeft ingeleverd aan papierwerk, hebben de veiligheidsdiensten positief geadviseerd. Daardoor konden we ook het voorgenomen positieve besluit geven."
Neffens de boargemaster is it dêrnei gongber dat de helptsjinsten op lokaasje komme te sjen. "Op basis van dat bezoek is besloten de adviezen aan te passen en een negatief besluit te nemen."
De evenemintefergunning wie yn 2019 wol ferliend oan de organisator. Doe sels noch mei plannen foar gruttere besikersoantallen.
BoargemasterVan de Pol fan Skylge leit út wêrom't de lêste fergunning net ôfjûn is
Boargemaster Caroline van de Pol fan Skylge © Omrop Fryslân, Lennard Geerts
Utslútsel oer de evenemintefergunning waard ferwachte yn april. Dochs kaam it beslút - de ôfwizing yn dit gefal - pas op 1 july. Neffens de gemeente kaam dat omdat se de organisaasje mear tiid jaan woenen. "Op die manier kon de organisatie nog voldoen aan de eisen die de hulpdiensten stelden."
Van Drunen hat syn twivels oer de beoardieling fan de betingsten dêr't se oan foldwaan moasten. Hy fertelt dat de plysje ôfsein hat doe't se útnûge wiene foar in besite en dat ek oare opsjes om mei helptsjinsten te praten ôfsein binne.