Yllegaal sekswurk bot tanaam yn Ljouwert, gemeente past regels oan

Sekswurker © Leo Middelsé
Yllegaal sekswurk yn huzen en hotels yn Ljouwert nimt ta. Dat seit it kolleezje fan boargemaster en wethâlders. Se hawwe mei dêrom it belied oanpast.
Troch corona en sluting fan sekshuzen wurdt der folle mear wurke op oare plakken, leit it kolleezje út. Dat is yn striid mei it belied dat gjin prostitúsje yn wenhuzen en wenwiken tastiet.

22 prostituees yn huzen en hotels

Neffens it kolleezje foldie it belied út 2015 net mear oan hoe't it yn de praktyk giet. Sa waard by prostitúsjekontrôles fjirtjin kear fêststeld dat der sûnder fergunning wurke waard.
By de kontrôles binne 22 prostituees oantroffen. Fiif fan harren wurken yn in hotel en santjin yn in wenning. Fyftjin prostituees wiene net yn it besit fan in BSN-nûmer, neffens in wurdfierder fan de gemeente.

Twangsom

Yn it nije belied is fêststeld hoefolle jild oft betelle wurde moat as in persoan him net oan de regels hâldt. Dêrneist is ek regele wannear't in gebou, al of net tydlik, sletten wurdt.
Sekswurkers dy't sûnder fergunning yn in wenning wurkje, rinne it risiko om betelje te moatten. Se kinne in twangsom oplein krije fan 500 euro. Foar seks-eksploitanten leit dat bedrach op 5.000 euro. Dêrneist rinne sy kâns dat it gebou sletten wurdt.
Yn it gefal fan minderjierrige of yllegale sekswurkers, of wannear't der sprake is fan minskehannel, jildt in sluting fan minimaal in healjier.