Streekwinkel wurket net mei grutte distribúsjesintra: gjin lege plakken

De streekproduktwinkel yn Ljouwert © LEO Middelsé, Lennard Geerts
In soad winkels yn Fryslân binne produkten net mear te krijen troch blokkearaksjes by distribúsjesintra. In streekproduktwinkel yn Ljouwert hat dêr gjin lêst fan. De winkel keapet nammentlik op in oare wize yn as reguliere supermerken.
De winkel mei de namme 'Jouw dagelijkse kost' biedt produkten oan út Fryslân, Drinte en Grinslân. Faak komme se streekrjocht fan de bioboer en soms ek út grientetunen yn de buert, bygelyks yn Snakkerbuorren of Techum.
It guod komt ek fan in pear gruthannels dy't spesjalisearre binne yn lokale ôfset. Op dy wize binne der gjin oanleverproblemen troch de blokkades by grutte distribúsjesintra.
Monique van Etten © LEO Middelsé, Lennard Geerts
Troch standert op dy wize te wurkjen is der mear winst foar de boer. "Veel mensen denken dat de boodschappen bij ons duurder zijn, maar wij geven juist boeren een eerlijke prijs voor de producten zonder dat er iemand tussen zit", seit eigeneresse Monique van Etten.
Ferslachjouwer Lennard Geerts yn petear mei Monique van Etten
De winkel makket net folle winst. Dêrom wurdt der in soad wurke mei frijwilligers. Van Etten wol graach útwreidzje nei oare lokaasjes yn Fryslân. "Mensen kunnen niet altijd zelf bij alle boeren langsrijden om producten rechtstreeks te kopen. Dat één keer leuk, maar het past bij veel mensen niet standaard in het schema."
Griente út de buerttún fan Lekkum © LEO Middelsé, Lennard Geerts
Foar de útwreiding hat se wat betocht. Klanten kinne in stikje winkel keapje. Mei it jild dat dat opsmyt, kinne wer nije streekproduktwinkels iepene wurde. Mei de útwreiding hopet Van Etten derfoar soargje te kinnen dat hieltyd mear boeren oergean op duorsum wurkjen.
Streekwinkel wurket net mei grutte distribúsjesintra: gjin lege plakken