Oanspielde bultrêch is 'bûtenkâns foar de wittenskip'

Undersiker Pepijn Kamminga by de bultrêch © Omrop Fryslân, Casper Slotboom
De bultrêch dy't moandei op Flylân oanspielde, is tiisdei mei de fearboat oerbrocht nei de haven fan Harns. Undersikers fan de Universiteit fan Utrecht en Naturalis sykje dêr út hoe't it bist deagien is.
"Vandaag doen we een sectie met de Universiteit van Utrecht en de Wageningen Universiteit", seit Pepijn Kamminga. Hy wurket by Naturalis en is koördinator fan it snijteam.
"We hopen een eventuele doodsoorzaak en de status van het dier te achterhalen. Wij van Naturalis proberen zo veel mogelijk botmateriaal te verzamelen. In ieder geval de schedel. Dat gaat naar onze collectie."
De oanspielde bultrêch op Flylân is in 'bûtenkâns foar de wittenskip'
It komt hast nea foar dat se ûndersyk dwaan kinne op in walfisk, seit Kamminga: "Dit komt misschien eens in de tien jaar voor. De vorige keer was in 2012, met de bultrug Johanna."
Fan dizze bultrêch wisten se al langer dat dy foar de kust swom. "We hadden al twee weken niets meer over de walvis gehoord, dus we vermoedden al dat ze aan zou spoelen."
Kamminga hat dêr wol in dûbeld gefoel by: "Het is veel leuker om ze te zien zwemmen. Dat een bultrug dan aanspoelt is heel spijtig. Maar als ze dan eenmaal toch overleden zijn en ze komen hier op het strand, dan is het wel een buitenkans voor de wetenschap om dat te gaan onderzoeken."