Aksjefierders A32 frijlitten, bliuwe wol fertochte

De plysje hat sketten by de blokkade op It Hearrenfean © ProNews Producties
De trije aksjefierders dy't tiisdeitejûn oppakt binne by it boereprotest op de A32 by It Hearrenfean, binne frijlitten. Se bliuwe wol fertochte.
De trije waarden tiisdeitejûn oppakt foar besykjen ta deaslach. Neffens it Iepenbier Ministearje is der gjin oanlieding om de fertochten langer fêst te hâlden op de fertinking fan besykjen ta deaslach.
"De huidige resultaten van het opsporingsonderzoek geven daarvoor geen grondslag", meldt it IM.
De oppakte aksjefierders binne in 46-jierrige man út Opsterlân en twa minsken út de gemeente Hearrenfean: ien fan 34 jier en ien fan 16.

Aksje by plysjeburo

De trekker fan de 16-jierrige jonge waard rekke troch in kûgel fan de plysje. Reden om te sjitten foar de plysje wie dat de jonge besocht ha soe om yn te riden op plysjeminsken.
Tsientallen aksjefierders, dy't woansdei by it plysjeburo yn Ljouwert stienen, easken de frijlitting fan de jonge. Aksjegroep Farmers Defence Force hie oproppen om dêr te demonstrearjen.
Oan de ein fan de middei ferlieten de trekkers it plysjeburo, op fersyk fan de famylje fan de 16-jierrige jonge.

Noch wol fertochte

De trije manlju bliuwe dus noch wol fertochte. "De officier van justitie heeft nog niet besloten of de mannen worden vervolgd en zo ja, waarvoor. Deze afweging kan nog niet worden gemaakt, omdat het hele onderzoek nog niet is afgerond."

Undersyk Ryksresjerzje

Der rint ek noch in ûndersyk fan de Ryksresjerzje, omdat de plysje sketten hat. Sa'n hanneling wurdt altyd ûndersocht troch de Ryksresjerzje.
It Iepenbier Ministearje meldt dêroer: "In dat onderzoek worden betrokkenen bevraagd, beelden bekeken en vindt sporenonderzoek plaats. Op dat onafhankelijk onderzoek kan en mag het Openbaar Ministerie niet vooruit lopen."