Noch net genôch ynformaasje, Ljouwert stelt debat oer komst azc by fleanbasis út

Argyffofo © ANP
De gemeenteried fan Ljouwert hat it debat oer de komst fan in asylsikerssintrum njonken de fleanbasis útsteld. Dat soe woansdeitejûn wêze, mar wurdt no oer de simmer hinne tild.
It asylsikerssintrum soe komme moatte op it plak dêr't no in grut túnsintrum is. Moandeitejûn wie der in gearkomste foar omwenners. Sy uteren in soad soargen en fragen oan boargemaster Buma, oan wethâlder Kramers en it COA. Dêrneist wiene der ek riedsleden oanwêzich om harren ta te rieden op it debat.
It wie de bedoeling dat nei in algemiene taspraak alle besikers útinoar gean soene yn lytse groepen. Mar dat lêste barde net. In tal riedsleden liet nei ôfrin fan de gearkomstel witte dat it ferrin fan de jûn rommelich wie. De omwenners soene net genôch oan it wurd kommen wêze, sa waard ek sein.
Nei de simmer komt der in nije ynformaasjegearkomste.