Stjoerderke fan 1 gram moat bûnte grillen op it Waad sekuer folgje

Undersiker Allert Bijleveld fan it NIOZ © Omrop Fryslân
Foar it earst ûndersykje wittenskippers fan it NIOZ sekuer wat en wêr't de bûnte gril fret op it Waad. In 1 gram swier stjoerderke makket dat mooglik.
De 'bonte strandloper', sa't it lytse fûgeltsje yn it Nederlânsk hjit, is yn grutte oantallen yn it gebiet werom te finen.
Dizze simmer set it ûndersyk fan it Koninklijk Nederlands Instituut voor Onderzoek der Zee (NIOZ) útein. Omdat der ferspraat oer it westlik Waad ûntfangers delset binne om de sinjalen fan de stjoerderkes op te fangen, hoecht der net wurke te wurden mei GPS-stjoerders dy't folle swierder binne.
In bûnte gril © ANP
It stjoerderke is makke nei foarbyld fan stjoerderkes dy't brûkt binne foar ûndersyk nei Israelyske sjongfûgels.

Fiif wiken

Undersiker Allert Bijleveld fan it NIOZ: "We hadden eerst al zendertjes gemaakt van 2 en 4 gram. Nu dus eentje van 1 gram waardoor we een vogel van 30-35 gram kunnen volgen."
It stjoerderke wurket fiif wiken lang. It ûndersyk beheint him net ta it folgjen fan de fûgels mei de stjoerderkes, mar giet fierder.
Ien fan de ûntfangers op it Waad © Allert Bijleveld (NIOZ)
Bijleveld oer it oanfoljende ûndersyk: "Rond Griend gaan we de vogels met deze zendertjes uitrusten. En dan gaan we er ook achteraan. We gaan ze observeren met een telescoop, video's van ze maken, kijken wat ze eten en verzamelen poepjes als de groep weer weg is. Die pluizen we uit in een laboratorium."
Der wurdt ek noch bloed ôfnaam. En dat alles om derefter te kommen wat se frette. Dat wurdt wer keppele oan wêr't se frette, sa't bekend wurdt hokfoar gebieten wichtich binne foar dizze soart.

"Natuurlijk gedrag"

It is hiel wichtich om lytse stjoerders te brûken, omdat dêrtroch de kâns lytser wurdt dat fûgels der lêst fan hawwe. Dat is net allinnich moreel in goede set, fynt Bijleveld, mar is ek fan belang foar it ûndersyk sels: "Je wilt toch dat de vogels natuurlijk gedrag vertonen."