Liveblog | 7 july

Heabulten yn 'e brân lâns de dyk, Rykswettersteat warskôget ferkear

Ek hjoed wurde der op guon plakken wer aksjes holden tsjin it stikstofbelied fan it kabinet. Yn dit liveblog hâlde we jo op de hichte fan de lêste ûntwikkelingen:

  • In besite fan Steateleden oan Skylge is skrast fanwegen soargen oer feiligens;
  • De trije aksjefierders dy't tiisdei oppakt binne op de A32, binne woansdeitejûn wer frijlitten;
  • Ien fan harren is in 16-jierrige jonge, syn trekker waard besketten troch de plysje;
  • Neffens plysjefakbûn ACP moatte we net te fluch oardielje oer it ynsidint;
  • Op ferskate plakken lâns de Fryske diken steane heabulten yn 'e brân.

Dit liveblog is ook in het Nederlands te volgen.

Bywurke: 7 july, 14:08
woansdei 6 july
23:07

Ein fan dit liveblog

Oant safier it nijs oer de boereprotesten fan dizze woansdei. Tank foar it folgjen.
21:44

Heabulten yn 'e brân

Heabulten yn 'e brân lâns de A6 by Skarsterbrêge © CAMJO media
Op ferskate plakken yn Fryslân steane fan 'e jûn hea- of striebulten yn 'e brân. Ek bûten Fryslân is dat it gefal.
Op de A6 tusken De Jouwer en Emmeloard stiet in groep boeren yn de greide. De reek lûkt dêr oer de sneldyk. Rykswettersteat warskôget it ferkear om goed út te sjen.
By de heabult lâns de N359 by Tsjerkwert kaam in soad reek frij. De brânwacht hat in skoft dwaande west mei it útmeitsjen fan de brân.
Heabulten yn 'e brân lâns de N359 © CAMJO media
18:52

Aksjefierders wer fuort

It is no wer rêstich by it plysjeburo yn Ljouwert. Der steane gjin trekkers mear.
18:03

Van der Zwan oan de kofjetafel by boeren

Boargemaster Tjeerd van der Zwan fan Hearrenfean sjocht gjin oanlieding om yn syn gemeente jûn in needferoardering yn te stellen. Yn syn gemeente wie it de lêste dagen ûnrêstich mei boereprotestaksjes.
De boargemaster besiket om te praten mei boeren dy't minder eskalearjend aksjefiere. "De meeste boeren willen dit soort escalaties ook niet", seit er. "Vanochtend heb ik aan de koffietafel gezeten bij de familie Oerlemans in Tjalleberd."

Eskalaasje foarkomme

Hy kaam se tiisdei tsjin by in protest by in distribúsjesintrum. "Ze protesteerden vreedzaam. En vanavond ga ik in gesprek met boerenvertegenwoordigers, om samen te kijken of we zulke escalaties te voorkomen."
It binne net allinnich boeren, dy't Van der Zwan by de protesten sjocht. "Je ziet met name mensen die niet gelieerd zijn aan de agrarische sector. Het zijn mensen die je ook bij coronademonstraties veel ziet. En die spelen een soort kat-en-muisspel. Ze gaan weg als de ME komt, maar later komen ze terug."
17:51

Aksjefierders wer by plysjeburo

Even wie it rêstiger by it plysjeburo yn Ljouwert, mar op it stuit binne der wer tsientallen trekkers. Ek de plysje sels is teplak.
16:28

Aksjefierders ferlitte plysjeburo

De trekkers ferlitte it plysjeburo © Kappers Media
De tsientallen aksjefierders dy't woansdei by it plysjeburo yn Ljouwert stienen, om de frijlitting fan in 16-jierrige jonge te easkjen, geane wer fuort. Se dogge dat op fersyk fan de famylje fan de jonge.
De jonge is ien fan de trije aksjefierders dy't tiisdeitejûn oppakt binne by it protest op de A32. By dat protest hat de plysje ek sketten, dêrby waard de trekker fan de 16-jierrige jonge rekke.
Farmers Defence Force rôp aksjefierders op om te demonstrearjen by it plysjeburo yn Ljouwert. Sa'n 40 oant 50 minsken joegen dêr gehoar oan. Se geane no dus wer fuort.
16:05

Trije aksjefierders oppakt foar besykjen ta deaslach

De plysje op de A32 nei it ynsidint © ProNews
De trije minsken dy't oanholden binne by de protestaksje fan de boeren op de A32 by It Hearrenfean, binne oppakt foar besykjen ta deaslach. De trije sitte noch fêst.
De oppakte aksjefierders binne in 46-jierrige man út Opsterlân en twa minsken út de gemeente Hearrenfean: ien fan 34 jier en ien fan 16.
De trekker fan de 16-jierrige jonge waard rekke troch in plysjekûgel. Tsientallen aksjefierders, dy't op it stuit by it plysjeburo yn Ljouwert steane, easkje de frijlitting fan de jonge. Aksjegroep Farmers Defence Force hie oproppen om dêr te demonstrearjen.
15:47

Plysje ropt op: gjin persoansgegevens aginten diele

De plysje Fryslân docht in oprop om gjin bylden en persoansgegevens fan plysjeminsken te dielen. Nei oanlieding fan it ynsidint op It Hearrenfean fan tiisdeitejûn wurde 'gefoelige ynformaasje' en bylden dield.
"Er verschijnen berichten die erg intimiderend en bedreigend zijn waarin er persoonsgegevens van de betrokken collega's worden gedeeld", meldt de plysje. "We roepen iedereen op om hiermee te stoppen. Dit is strafbaar en wordt ook wel doxing genoemd."
15:35

Retrête Steateleden op Skylge skrast

De provinsje hat in besite fan Steateleden oan Skylge op it lêste momint skrast fanwegen soargen oer feiligens. De politisy soenen twa dagen nei it Waadeilân ta.
De animo ûnder Steateleden om mei te gean wie al net hiel grut, fanwegen de bysûndere omstannichheden fan de boere-aksjes en oprinnende politike spanning.
Ferskate partijen steure har oan de berjochten dy't de Steatefraksje fan Forum voor Democratie oer de reis nei Skylge ferstjoerde op sosjale media. De partij melde net yn de stimming te wêzen foar "ûnderlinge ferbining en fleurichheid".
Dy berjochten soenen de feiligens fan de Steatereis net te'n goede komme.
14:31

Boeren yn petear mei plysje

By it sellekompleks steane op dit stuit sa'n 20 trekkers. Neffens ferslachjouwer Gerrit de Boer binne der 50 oant 70 aksjefierders mar der sitte ek taskôgers tusken. In delegaasje hat yn petear west mei de plysje.
De aksjefierders wolle dat de 16-jierrige jonge, dy't tiisdeitejûn oppakt is by It Hearrenfean, wer frijkomt. Neffens De Boer is de ferwachting dat dat yn de rin fan de dei barre sil.
14:23

Ek boeren by it provinsjehûs

Der wurdt net allinnich demonstrearre by it sellekompleks. Ek by it provinsjehûs stiet in groep boeren. Se wolle yn petear mei Steateleden.
14:17

Mobile Ienheid befeiliget sellekompleks

De Mobile Ienheid is ynset om it gebiet om it sellekompleks oan de Holstmeerweg hinne te befeiligjen. Dêr binne lilke boeren mei trekkers nei ta kaam foar de 16-jierrige jonge dy't juster op It Hearrenfean arrestearre waard. Neffens de plysje soe de jonge troch in blokkade hinne ride wollen ha. In plysje-agint hat dêrop in skot lost.
Boeren by it sellekompleks
13:34

Farmers Defence Force ropt op ta demonstraasje by plysjeburo Ljouwert

Boere-aksjegroep Farmers Defence Force ropt boeren op om woansdeitemiddei nei in plysjeburo yn Ljouwert te kommen, dêr 't in 16 -jierrige aksjefierder fêstsitte soe dy't tiisdeitejûn oanhâlden waard by in boereprotest op It Hearrenfean. Dy oprop docht foaroanman Mark van den Oever yn in fideoboadskip dy't op YouTube pleatst is.
De minderjierrige yn kwestje soe oanhâlden wêze nei in plysje-aksje wêrby't rjochte sketten waard en ek warskôgingsskotten lost binne. In trekker waard dêrby troch in kûgel rekke. Dat barde by in oprit nei de A32. Yn totaal binne trije minsken oppakt.
Boeren by it plysjeburo © Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
13:10

Trekkers stean stil foar plysje-ôfsetting haadburo fan plysje yn Ljouwert

Trekkers by haadplysjeburo yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
12:52

Gemeente Ljouwert hâldt rekken mei aksjes

Yn Ljouwert wurdt rekken hâlden mei nije boere-aksjes fan 'e middei. De plysje hat it gebiet om it sellekompleks oan de Holstmeerweg ôfsetten.
De plysje hat de dyk ôfsetten © Omrop Fryslân, Alle Faber
12:30

Plysje reagearret op opskuor oer sjitynsidint

Op Twitter seit de plysje dat it op de hichte is fan de bylden fan it sjitynsidint op It Hearrenfean. De plysje beklammet dat de Ryksresjerzje ûndersyk docht nei it ynsidint. Dêrom kin de plysje foarearst net ynhâldlik reagearje.
12:23

'Jonge dy't besketten waard, is 16 jier'

De jonge yn de trekker dy't tiisdeitejûn troch in plysje-agint besketten waard, is 16 jier âld. Dat hat de broer fan it slachtoffer befêstige oan ferslachjouwer Gerrit de Boer. De trekkerrider sit op dit stuit fêst
Neffens de broer hienen se harren mei in oantal trekkers sammele by Thialf. Sy soenen doe nei in restaurant om noch wat te iten. Neffens de broer waarden se by de ôfrit fan de sneldyk opfongen troch de plysje, dy woe de trekkers net fieder gean litte. De broer ferklearret dat de trekkers doe fuortgien binne. Ien fan de lêste trekkers wie dy fan de 16-jierrige jonge. De plysje soe op him sketten hawwe doe't hy fuortgie.
De Ryksresjerzje sil ûndersyk dwaan nei it ynsidint. Neffens de plysje ried de trekker yn op in blokkade, wêrnei't de agint de needsaak fielde om te sjitten.
Ferslachjouwer Gerrit de Boer oer it ynsidint
11:50

Trekkers ride fuort by distribúsjesintrum

De aksjefierders by it distribúsjesintrum yn Drachten hawwe gehoar jûn oan it needbefel. De trekkers binne fuorthelle.
De trekkers ride fuort © Kappers Media
11:45

Aksjefierders Drachten krije needbefel

De boeren dy't mei trekkers it distribúsjesintrum fan de Aldi yn Drachten blokkearje, hawwe in needbefel krigen. Se moatte dêr wei, oars kin de Mobile Ienheid ynset wurde.
Aksjefierders krije it needbefel oerlange © Kappers Media
11:40

Plysjefakbûn skokt troch sjitynsidint

Plysjefakbûn ACP reagearret skokt op it ynsidint op It Hearrenfean tiisdeitejûn wêrby't in plysje-agint rjochte sketten hat op in trekker. Foarsitter Wim Groeneweg fan it ACP seit bot mei te libjen mei de plysjeman dy't sketten hat. "Dat is voor een politieagent niet niks."
Wim GRoeneweg © ANP
11:35

Distribúsjesintrum Aldi yn Drachten wurdt blokkearre

Boeren blokkearje woansdei op 'e nij in distribúsjesintrum fan supermerk Aldi yn Drachten. De plysje is yn petear mei de boeren by it distribúsjesintrum oan it Helmhout. It is noch net dúdlik hoelang't de blokkade duorje sil.
11:30

Wolkom by dit liveblog

Ek hjoed wurde der op guon plakken wer aksjes holden tsjin it stikstofbelied fan it kabinet. Yn dit liveblog hâlde we jo op de hichte fan de lêste ûntwikkelingen.