Liveblog | 7 july 2022

Heabulten yn 'e brân lâns de dyk, Rykswettersteat warskôget ferkear

Ek hjoed wurde der op guon plakken wer aksjes holden tsjin it stikstofbelied fan it kabinet. Yn dit liveblog hâlde we jo op de hichte fan de lêste ûntwikkelingen:

  • In besite fan Steateleden oan Skylge is skrast fanwegen soargen oer feiligens;
  • De trije aksjefierders dy't tiisdei oppakt binne op de A32, binne woansdeitejûn wer frijlitten;
  • Ien fan harren is in 16-jierrige jonge, syn trekker waard besketten troch de plysje;
  • Neffens plysjefakbûn ACP moatte we net te fluch oardielje oer it ynsidint;
  • Op ferskate plakken lâns de Fryske diken steane heabulten yn 'e brân.

Dit liveblog is ook in het Nederlands te volgen.

Lêst bywurke: 7 july 2022, 14:08
23:07

Ein fan dit liveblog

Oant safier it nijs oer de boereprotesten fan dizze woansdei. Tank foar it folgjen.
21:44

Heabulten yn 'e brân

Heabulten yn 'e brân lâns de A6 by Skarsterbrêge © CAMJO media
Op ferskate plakken yn Fryslân steane fan 'e jûn hea- of striebulten yn 'e brân. Ek bûten Fryslân is dat it gefal.
Op de A6 tusken De Jouwer en Emmeloard stiet in groep boeren yn de greide. De reek lûkt dêr oer de sneldyk. Rykswettersteat warskôget it ferkear om goed út te sjen.
By de heabult lâns de N359 by Tsjerkwert kaam in soad reek frij. De brânwacht hat in skoft dwaande west mei it útmeitsjen fan de brân.
Heabulten yn 'e brân lâns de N359 © CAMJO media
18:52

Aksjefierders wer fuort

It is no wer rêstich by it plysjeburo yn Ljouwert. Der steane gjin trekkers mear.
18:03

Van der Zwan oan de kofjetafel by boeren

Boargemaster Tjeerd van der Zwan fan Hearrenfean sjocht gjin oanlieding om yn syn gemeente jûn in needferoardering yn te stellen. Yn syn gemeente wie it de lêste dagen ûnrêstich mei boereprotestaksjes.
De boargemaster besiket om te praten mei boeren dy't minder eskalearjend aksjefiere. "De meeste boeren willen dit soort escalaties ook niet", seit er. "Vanochtend heb ik aan de koffietafel gezeten bij de familie Oerlemans in Tjalleberd."

Eskalaasje foarkomme

Hy kaam se tiisdei tsjin by in protest by in distribúsjesintrum. "Ze protesteerden vreedzaam. En vanavond ga ik in gesprek met boerenvertegenwoordigers, om samen te kijken of we zulke escalaties te voorkomen."
It binne net allinnich boeren, dy't Van der Zwan by de protesten sjocht. "Je ziet met name mensen die niet gelieerd zijn aan de agrarische sector. Het zijn mensen die je ook bij coronademonstraties veel ziet. En die spelen een soort kat-en-muisspel. Ze gaan weg als de ME komt, maar later komen ze terug."
17:51

Aksjefierders wer by plysjeburo

Even wie it rêstiger by it plysjeburo yn Ljouwert, mar op it stuit binne der wer tsientallen trekkers. Ek de plysje sels is teplak.
16:28

Aksjefierders ferlitte plysjeburo

De trekkers ferlitte it plysjeburo © Kappers Media
De tsientallen aksjefierders dy't woansdei by it plysjeburo yn Ljouwert stienen, om de frijlitting fan in 16-jierrige jonge te easkjen, geane wer fuort. Se dogge dat op fersyk fan de famylje fan de jonge.
De jonge is ien fan de trije aksjefierders dy't tiisdeitejûn oppakt binne by it protest op de A32. By dat protest hat de plysje ek sketten, dêrby waard de trekker fan de 16-jierrige jonge rekke.
Farmers Defence Force rôp aksjefierders op om te demonstrearjen by it plysjeburo yn Ljouwert. Sa'n 40 oant 50 minsken joegen dêr gehoar oan. Se geane no dus wer fuort.