Plysjefakbûn: 'Oardielje net oer sjitynsidint It Hearrenfean op basis fan in filmke'

Wim Groeneweg fan plysjefakbûn ACP © ANP
Plysjefakbûn ACP reagearret skokt op it ynsidint op It Hearrenfean tiisdeitejûn wêrby't in plysje-agint rjochte sketten hat op in trekker.
Foarsitter Wim Groeneweg fan it ACP seit bot mei te libjen mei de plysjeman dy't sketten hat. "Dat is voor een politieagent niet niks."

Troch in blokkade

Doe't trekkers tiisdeitejûn de A32 by It Hearrenfean opride woenen, besleaten plysjes de demonstranten te blokkearjen.
Om't de boeren neffens de plysje troch de blokkade hinne ride woenen, fielden plysjes de needsaak om meardere warskôgingsskotten te lossen. Der is ek rjochte sketten. Hjirby waard in trekker rekke.
"De politiemensen proberen de veiligheid van iedereen te waarborgen", leit Groeneweg út. "Als boeren die veiligheid onder druk zetten, dan ontstaan situaties waarin geweld moet worden toegepast. Dit is wel een heel bijzondere vorm natuurlijk."

Kontekst

Op sosjale media geane in protte bylden fan it ynsidint rûn. Yn ien fan de filmkes liket it derop dat in trekker fuortrydt en dat in plysjeman dan ynienen it fjoer iepenet. In soad minsken reagearje dêr feralterearre op.
Neffens Groeneweg is dat lykwols te koart troch de bocht. "Het zijn filmpjes van een paar seconden, maar het incident heeft ook een aanloop gehad. De hele context waarin dit is gebeurd, is ook heel belangrijk. Daarom is het ook belangrijk dat de rijksrecherche hier netjes onderzoek naar doet."
De fisy fan Groeneweg wurdt dield troch minister fan Justysje en Feiligens, Dilan Yesilgöz - Zegerius:
Plysjeminsken meie net samar sjitte. Neffens Groeneweg kin it allinnich yn hiel bedriigjende situaasjes: "Bijvoorbeeld als de betrokkene ook een vuurwapen zou hebben of als iemand gedrag vertoont wat een aantasting is van de persoonlijke lichamelijke integriteit van de persoon in kwestie. Met andere woorden: als het leven van een politieagent bedreigd wordt."

'In ynsidint'

Groeneweg stelt dat we net dwaan moatte oft alle protesten út de hân rinne. "Over het algemeen zijn de protesten van gisteren in goede verstandhouding met het openbaar gezag gebeurd. In verreweg de meeste gevallen hebben boeren gehoor gegeven aan instructies."
Salang't demonstranten harre oan de regels hâlde, is der neffens Groeneweg gjin probleem mei aksjefieren. "Er is recht van demonstratie en die is aan regels gebonden. Dan moet je wel de regels toepassen, dat geldt voor boerenorganisaties precies zo. Als er afzettingen of aanwijzingen van het openbaar gezag of de politie zijn, dan moeten die ook opgevolgd worden."
Op It Hearrenfean wie dat neffens Groeneweg net it gefal. "Mensen probeerden de afzetting te omzeilen door eromheen te rijden, terwijl dat niet de instructie was van de politiemensen ter plaatse."
De Ryksresjerzje docht ûndersyk nei de sjitpartij. Dat hat it Iepenbier Ministearje niiskrekt befêstige. De Ryksresjerzje is ûnôfhinklik fan de plysje. Se lizze streekrjocht ferantwurding ôf oan it kolleezje fan Prokureurs Generaal. It earste wat de resjersjeurs no dogge is it sammeljen fan alle mooglike bylden en ferklearringen fan belutsenen. It ûndersyk kin wol in oantal wiken duorje.
De plysjefakbûn fynt dat plysjeminsken no bot ûnder druk steane. "Op dit moment wordt de arbeidstijdenwet verruimd, waardoor politiemensen veel meer uren maken dan eigenlijk redelijkerwijs goed en gezond zou zijn. Dat doet iets met het uithoudingsvermogen van politieagenten zelf. Als ze dan in spannende situaties komen, dan is dat een extra slag op het beoordelingsvermogen. We komen in een steeds nijpender situatie terecht. Dat is niet goed", stelt Groeneweg.
Wim Groeneweg fan plysjefakbûn ACP