De telefoansamling fan Freerk rûn wat út ‘e klauwen: “Ik haw der goed 800”

Freerk Kuperus yn Utrecht © Eigen foto
It is miskien net hiel fier fuort, mar dochs kin it oanfiele as bûtenlân. Freerk Kuperus (71) wennet al goed 40 jier yn Utrecht en seit it noch hieltyd bot nei it sin te hawwen.
Hy wennet mei syn frou Ytsje yn de Domstêd. De bern binne al in skoft út hûs. Yn 1974 is hy út it pittoreske Berltsum wei nei Eindhoven gien foar syn stúdzje oan de TU, nei't er al yn Ljouwert studearre. Nei sân jier krige er in baan oanbean by de NS yn Utrecht, dêr't hy sa terjochte kaam is.
Nettsjinsteande syn lange ferbliuw bûten de provinsje mist er Fryslân net. Hy hat gjin plannen of langstme om werom te gean en is echt thús yn 'West-Hollân.'
Freerk Kuperus
Dochs besiket hy it Fryske der noch hieltyd yn te hâlden, sels bûten de provinsje. Mei syn bern praat hy noch altyd de taal wêrmei't hy grutbrocht is. De jongste praat dan wol yn it Nederlânsk werom.

Telefoantastellen

"Ik haw in samling telefoantastellen dy't wat út 'e klauwen rûn is", fertelt Freerk laitsjend. Hy hat er yn totaal goed 800. Freerk hat der in museum fan makke mei webside en besikers.
Fan telefoans út 1893 oant moderne mobile telefoans, hy hat fan alles útstald. Syn absolute pronkje is de 'Skeletontelefoan fan Ericsson'. In "prachtdinkje dat Lars Ericsson sels ûntwurpen hat yn 1895", fertelt er.
Yn de rubryk Operaasje Fryske Flagge ha we kontakt mei Friezen oer de hiele wrâld. Twa jier lyn begûn Omrop Fryslân mei dizze kampanje, om in emoticon fan in Fryske flagge op de telefoan te krijen. Dy liket der foarearst net te kommen, om't it nije bedriuw dat Whatsapp oernimt, pas in flagge makket as in lân ûnôfhinklik wurdt en erkend wurdt troch de ISO.
Dochs binne der noch genôch ferhalen te fertellen: Friezen sitte oeral op de wrâld. Wat driuwt se en hokker aventoeren meitsje se mei?
Freerk is grif net iennige Fries yn de stêd. Hy seit noch geregeld Frysk te hearren. Sels sjocht hy noch in soad minsken mei Fryske flaggen of Fryske wimpels op Nederlânske flaggen.
"En dan sjoch ik dat en dan wit ik dat ik dêr terjochte kin mei it Frysk." Sels hat er ek reden genôch om de Fryske flagge út te hingjen, want ferline wike is syn earste pakesizzer berne.