De toan fan Froukje Sijtsma: "Boeredochter Wiepkje wol gjin fleis mear"

Froukje Sijtsma © Omrop Fryslân
"Ik krige ferline wike in berjochtsje fan Wiepkje. Sy hie myn kollum heard oer opfallende koartingsaksjes by de supermerk. Datst dy as konsumint wolris yn de sek naaid fielst, wannear't der in luchtsje blykt te hingjen oan in moaie oanbieding.
'Bêste Froukje, ik soe dy freegje wolle om foaral gjin fleis en fruit by de supermerk te heljen. Besykje ris wat te bestellen by de Streekboer; dan krigest sûn iten fan boeren út Noard-Nederlân. Dat is better foar bisten, boeren en foar dysels. De supermerk hat al genôch oan ús allegear fertsjinne de lêste 40 jier. Lit de oanbiedingen mar moai links lizze! Sukses. Groetnis fan Wiepkje.'
De toan fan Froukje Sijtsma
Wa soe dizze frou wêze? In bewuste konsumint of in boerinne miskien? Ik belje har op en wy kletse samar in heal oere.
Wiepkje blykt in leeftiidsgenoat fan my. In fan oarsprong boeredochter fan in melkfeehâlderij. Har famyljeleden buorkje noch altyd. It boerebedriuw is har net frjemd. Dochs besleat sy jierren lyn om fegetariër te wurden. Se koe it lijen fan bisten net mear oansjen. It fleis út krappe en smoarge hokjes smakke har net mear, fertelt se.
Gjin fleis mear ite, wie it begjin. Letter begûn se mei it keapjen fan iten by de Streekboer. In platfoarm dêr'tst lokaal iten bestelle kinst by boeren. Griente, fruit, fleis, suvel en bôle hellet se by in sintraal punt op.
Ja fansels, har boadskippen binne meast djoerder as de oanbiedingen yn de supermerk. Mar dat fynt se logysk. It wurdt ommers op lytsere skaal produsearre. En dêrom wol se bêst wat mear betelje foar it iten fan lokale ûndernimmers, hoe dûbeld ek.
Mar der spilet noch wat. Wiepkje makket har soargen om de ierde. It komt net goed, as wy miene dat ús ekonomy altyd mar trochgroeie moat. Wy prate oer dy tsjinstridichheid: oer it alderbêste wolle foar dizze wrâld, mar oan de oare kant ek in bytsje oangenaam libje wolle.
De boereprotesten tsjin de stikstofplannen fan trije jier lyn iepenen har eagen, fertelt se. Se soe op besite by in freondinne op Ibiza. Efkes in pear dagen op en del mei it fleantúch. Dy boereprotesten wiene foar har it besef: dit is dochs te idioat foar wurden? En dus sei se har fleanreiske ôf.
Eins witte wy allegear wol dat it roer om moat, mar just dy paradoks makket it sa lestich. We wolle bêst bewuster libje, mar it priiskaartsje dat deroan hinget, docht sa ferrekte sear en dus litte we ús faak dochs mar wer ferliede troch de lege prizen fan multinationals en de net duorsume alternativen.
Wiepkje wol der noch sa min mooglik oan meidwaan en dus besiket sy karren te meitsjen dy't tsjin âlde gewoanten yngean. "Mar ik bin ek net hillich, hear", seit se stellich.
"Ik kom ek noch faak genôch yn in supermerk of kleanwinkel." En al fielt it soms as in drip op in gloeiende plaat, Wiepkje wol har net allinnich as boarger, mar ek as konsumint ynsette foar in bettere wrâld."