Streek troch haadklassepartij foar froulju yn Boalsert
De haadklassepartij troch-inoar-lotsjen foar froulju dy't freed yn Boalsert op it programma stie, giet net troch. Der hawwe te min froulju harren opjûn.
It soe foar it earst yn de skiednis fan it frouljuskeatsen wêze, dat dit bart. Der steane kommend wykein mear wedstriden foar de froulju op it programma. Sa't it no stiet giet it keatsen op sneon yn Winsum en op snein yn Kimswert wol troch.