Trekkers blokkearje op 'e nij distribúsjesintrum yn Drachten

Boeren blokkearje woansdei op 'e nij in distribúsjesintrum fan supermerk Aldi yn Drachten.
De plysje is yn petear mei de boeren by it distribúsjesintrum oan it Helmhout. It is noch net dúdlik hoelang't de blokkade duorje sil. Tiisdeitemoarn blokkearren boeren ek al itselde distribúsjesintrum. Dy blokkade waard yn de middei wer opheft.
De ôfrûne dagen waarden ek distribúsjesintra yn Snits en op It Hearrenfean blokkearre. Yn dat lêste plak is it woansdeitemoarn rêstich.
