Fryske gemeenten, provinsje en Wetterskip geane de striid oan tsjin ûndermining

Nei it ûndertekenjen fan de ferklearring © Omrop Fryslân
"De kriminaliteit hâldt net op by in gemeentegrins." Dat is de reden werom't de Fryske gemeenten, Wetterskip Fryslân en de provinsje derfoar kieze no mei-inoar de striid oangean tsjin ûndermining.
Sy hawwe tiisdei mei-inoar de yntinsjeferklearring 'Friese Norm' tekene. By ûndermining meitsje kriminelen foar harren yllegale aktiviteiten gebrûk fan 'gewoane' legale bedriuwen.
Sa reitsje ûnder- en boppewrâld trochinoar en dat kin de rjochtssteat ûndermine. It kin bygelyks gean om it wytwaskjen fan jild, mar ek om it bedriigjen fan amtners of ûnskuldige boargers.
Undermining yn Nederlân © Rijksoverheid
"Je moatte net 18 kear wat oars dwaan as gemeenten", seit boargemaster Marga Waanders fan de gemeente Waadhoeke. Sy is mei Oebele Brouwer, boargemaster fan Achtkarspelen, ien fan de inisjatyfnimmers fan de yntinsjeferklearing.

Utwikseling tusken gemeenten

"Dizze mienskiplike ynspanning moat ús sterker meitsje yn de striid tsjin de kriminelen." It is dan ek de bedoeling dat der tusken inoar ynformaasje útwiksele wurdt en dat de gemeenten sels prioriteit jouwe oan de bestring fan ûndermining.
"Je moatte as gemeente je yntegriteitsbelied op oarder hawwe. Der moat in sinjaaltafel wêze dy't saken analysearje kin en de bûtentsjinst, hanthaveners, moatte traind wurde", seit Waanders.
Dêrfoar hawwe sy in soad kontakt mei gemeenten yn Noard-Brabân. Dêr is ûndermining troch benammen drugskriminelen al jierren in grut probleem. "Wis, wy hawwe kontakt. Der wurdt kennis útwiksele. Dat dogge wy no ek al. We wolle dat fierder útwreidzje nei oare regio's. Om te sjen wat we dêr leare kinne. Mei-inoar kom je fierder."

Problemen serieus nimme

De oanpak moat foar alle gemeenten dan lyklutsen wurde. Eltse regio hat syn eigen problemen wit ek Waanders: "Wat je no sjogge is dat yn guon parten fan de provinsje drugslabs sitte, op oare plakken wurdt drugsôffal dumpt of hawwe je minskehannel. Alle gemeenten hawwe mei problemen te krijen."
It is de bestjoerders dúdlik dat it net dé oplossing is foar ûndermining. "Nee, dat is it net. Mar we meitsje ússels striidberder en wy litte yn wurden en dieden sjen dat we dit serieus nimme."