Plysje sjit by blokkade op It Hearrenfean, trije fertochten oanhâlden

De plysje hat warskôgingsskotten lost by de blokkade op It Hearrenfean © ProNews Producties
De plysje hat tiisdeitejûn meardere skotten lost by de op- en ôfrit fan de A32 by It Hearrenfean. Doe't trekkers de A32 opride woene, besleaten plysjes de demonstranten te blokkearjen.
Om't de boeren neffens de plysje troch de blokkade hinne ride woene, fielden plysjes de needsaak om meardere warskôgingsskotten te lossen. Der is ek rjochte sketten. Hjirby waard in trekker rekke.
In trekker ried fuort en is tsjinhâlden op de Jousterwei. De plysje hat trije fertochten oanhâlden. Neffens de plysje binne der gjin minsken ferwûne rekke.
De dyk waard ôfsletten foar ûndersyk. Om't der troch in plysje-agint sketten is, sil ek de Ryksresjerzje ûndersyk dwaan, meldt de plysje.