Smeding yn Sint-Anne blokkearre: "Oanfier griente en fruit oan sikehuzen yn gefaar"

In boereprotest yn Sint-Anne, by de griente- en fruitgruthannel © Omrop Fryslân, Aise van Beets
De oanfier fan farske griente en fruit oan sikehuzen rint gefaar troch de blokkade fan it bedriuw Smeding yn Sint-Anne. Dêrfoar warskôget de direkteur fan it bedriuw, Sjaak Smeding.
"We rinne tsjin in tiid oan wêryn't de auto's ride moatte nei it suden fan it lân", seit direkteur Smeding. "Dêr steane de distribúsjesintra fan Sligro en Van Hoeckel. Dy lêste is in soarchynstelling en dy moatte har guod al krije. Dat jildt ek foar de Sligro, want dy leveret wer oan sikehuzen."
Direkteur Sjaak Smeding
Neffens Smeding komt it leverjen yn 'e knipe as de blokkade net gau skrast wurdt. "Dêrneist hawwe wy ek de oare klanten en dy moatte it ek op tiid hawwe. Oars krije wy it werom, want it giet om farsk spul. Dat kinne sy dêrnei net mear brûke."

Al in ton skea

De finansjele skea is grut. Neffens Smeding giet it tiisdei allinnich al om in ton oan skea.
Hy seit wol begryp te hawwen foar it stânpunt fan de boeren en stelt goed mei se yn petear te wêzen. "Ik haw sein: wy hawwe jim nedich, mar jimme hawwe ús ek nedich. Oars komt it net útriden. Dat begripe sy."

Kontakt mei plysje en gemeente

Smeding hat kontakt mei de plysje en de gemeente Waadhoeke. Hy hopet allinnich dat de demonstranten frijwillich fuortride wolle, sadat de frachtweinen mei farske griente en fruit sa gau as mooglik útride kinne.