CDA Fryslân yn brânbrief nei partijtop: 'Stikstofplan werom nei tekentafel'
De Fryske CDA-ôfdielingen wolle de stikstofplannen fan it kabinet werom nei de tekentafel. Dat hawwe de fraksjes kenber makke yn in brief oan Wopke Hoekstra, de fraksje en it partijbestjoer.
De CDA-ôfdielingen fine de plannen 'onrechtvaardig en onrealistisch', sa litte sy witte. Dêrnjonken karre sy ek it proses nei de plannen ta ôf. Dat hat de provinsjes en de agraryske sektor oerfallen, fynt CDA Fryslân.
De ôfdielingen skriuwe wol dat it 'evidint' is dat alle partijen bydrage moatte oan it heljen fan de natuerdoelen, mar fine wol dat der mear nei oare sektoaren as allinne de agraryske sektor sjoen wurde moat.
It Fryske CDA is net foar it taheakjen fan nij Natura 2000-gebiet sûnder ûnderbouwing of it útwreidzjen fan besteande gebieten.
Werom nei de tekentafel
Partijlieder Hoekstra hat op de lederieplachting yn Nijkerk sein: "Dit is niet goed gegaan." Dêrop sizze de Fryske CDA'ers: "Als het niet is goed gegaan, moet er terug worden gegaan naar de tekentafel. De positie van het CDA is bepalend."
De CDA-ôfdielingen dogge dêrom in driuwend fersyk foar nije plannen, om yn harren eagen rjocht te dwaan oan de al yn gong setten gebietsprosessen.
Der wurdt easke dat alle belutsenen harren bêst dogge om foar de Fryske boeren in dúdlik ûntwikkelperspektyf te bieden en de CDA'ers hoopje op in persoanlike reaksje fan de partijtop.
De brief is tekene troch de Fryske foarsitter, de provinsjale fraksje en de CDA-fraksjes yn de Fryske gemeenten.