Streek troch festival Eilân: organisaasje fynt easken fan gemeente Skylge ûnhelber

Daniël van Drunen fan de organisaasje fan it festival Eilân (argyffoto) © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
It festival Eilân op Skylge giet net mear troch. De organisaasje hat de stekker út it evenemint lutsen, om't de gemeente in fergunning wegeret. De organisaasje fynt de feiligenseasken ûnútfierber.
"De gemeente heeft ons, voor het verlenen van de evenementenvergunning, te veel eisen gesteld. Deze eisen zijn in onze ogen onhaalbaar", sa hat in wurdfierder fan de organisaasje witte litten.
De feiligenseasken dy't yn 2019 wol goedkard wiene, soene no net goed genôch mear wêze. Organisator Chasing the Hihat kin nei eigen sizzen net oan de nije easken foldwaan en dêrom giet it definityf net mear troch.

"Slechtste scenario"

Op 1 july hat de gemeente de evenemintefergunning wegere. "Het voor ons slechtste scenario", sa skriuwt de organisaasje. "Met grote verbijstering hebben we de onderbouwing van deze weigering gelezen."
De organisaasje fynt dy ûnderbouwing 'zeer opmerkelijk en erg onredelijk'. De organisaasje seit dat de skea grut is en tinkt nei oer fierdere stappen.
It logo fan Eilân yn 2022 © Eilân
Boargemaster Caroline van de Pol jout yn reaksje oan dat de gemeente oer evenminten advisearre wurdt troch ferskate helptsjinsten. Dy advizen wurde dan yn de betingsten fan in evenemintefergunning opnaam.
De organisaasje fan Eilân koe neffens Van de Pol net oan de betingsten foldwaan. "Dat betekent dat ik maar één besluit kan nemen, en dat is om de vergunning niet te verlenen."
Boargemaster Caroline van de Pol fan Skylge © Omrop Fryslân, Lennard Geerts
In pear tûkelteammen op it mêd fan de feiligens soene ferljochting, de beskikberens fan in ambulânse, it ôfsluten fan it dúnmarke en brânfeiligens wêze, mar de organisaasje is it folslein net iens mei de arguminten fan de gemeente en neamt it 'onduidelijke veiligheidsredenen.' Men fynt de termyn fan behanneling ek 'onredelijk.'

Dit wie de bedoeling

It festival soe fan 15 oant en mei 18 septimber op Skylge wêze. Besikers fan it festival soene op in camping of in in bungalowpark oernachtsje kinne. Der mochten maksimaal 6.000 besikers komme en der wie in lûdsnoarm ôfpraat.
Op Eilân moast elektroanyske livemuzyk en alternative pop te hearren wêze. Der stiene in lytse 30 artysten op it programma, wêrûnder bekende nammen as Eefje de Visser, Goldband en Weval.

Fergunningskwestje

Ein juny waard al bekend dat de gemeente Skylge noch net in evenemintefergunning ôfjûn hie, om't der noch tefolle feiligensrisiko's wêze soene.
Daniël van Drunen fan de organisaasje by de keazen lokaasje foar it festival (argyffoto) © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Earder wiene al wol in natuer- en omjouwingsfergunning ôfjûn. Daniël van Drunen fan it organisearjende bedriuw Chasing The Hihat reagearre dêr ferline jier yn oktober noch optein oer.

Al sûnt 2019 yn 't spier

De organisaasje wie fan doel om it festival al yn 2019 foar it earst te hâlden, mar doe luts de rjochter op it lêste momint de fergunning yn.
It dúnmarke fan Hee © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Der wie in soad konsternaasje oer de lokaasje wêr't it festival holden wurde soe. Eilân soe nammentlik plakhawwe by de mar fan Hee, yn de buert fan in stiltegebiet mei beskerme bistesoarten.
Nei de opskuor besocht de organisaasje it petear mei de ynwenners fan Skylge oan te gean, om in plan te meitsjen dat wol genôch draachflak hawwe soe. Grien ljocht kaam der lykwols net, om't de coronakrisis dêrnei de boel yn 'e bulten jage.