Boargemaster De Vries merkt ferhurding boereprotest, mei ek in 'oar soart aksjefierders'

Boargemaster Jannewietske de Vries fan Súdwest-Fryslân © Omrop Fryslân
Boargemaster Jannewietske de Vries fan Súdwest-Fryslân sjocht mei mingde gefoelens werom nei de boere-aksjedei yn Snits. Eintsjebeslút moast de ME der oan te pas komme om it protest te beëinigjen.
It gie om de blokkade fan aksjefierders by it distribúsjesintrum fan supermerk Poiesz. By de aksje fan de ME binne fjouwer minsken oanholden.
De Vries seit dat de gemeente yn goed kontakt stiet mei de boeren út Súdwest en tinkt dat oare minsken de demonstraasje yn 'e bulten jagen. "Doe't dat beslút fan de minister foel binne wy fuortendaalks mei de boeren yn Súdwest yn petear gien", fertelt se.
Ynset fan de ME yn Snits © CAMJO media
De gemeente woe moandei dan ek posityf omgean mei it protest by it distribúsjesintrum yn Snits. "We binne middeis mei it hiele kolleezje, en dat is bêst bysûnder, nei de aksjefierders by de Poiesz gien, om ek te sizzen dat wy om tafel sitte en dat sy dêrby komme kinne. En wy ha sein: jimme meie demonstrearje, mar net blokkearje."

Romte foar aksjes

De boargemaster woe de aksje lykwols net direkt ôfbrekke. "It wie in lanlike aksjedei, en dêr jouwe wy ek romte foar. It effekt hat der west foar de boeren, want der hat in soad omtinken west."
Neffens De Vries sleaten har wol hieltyd mear oare groepen oan by it protest. "Wy hawwe hjir middeis mei guon boeren praat, mar ek doe al wienen it in oar soart aksjefierders. Dat naam yn de rin fan de jûn allinnich mar ta."
"Dat ha we ek murken by de aksje fan de plysje, der ha fjouwer arrestaasjes west, en dat wiene alle fjouwer gjin boeren, en ek gjin minsken dy't liearre binne oan de agraryske sektor."

Ferhurding

De boargemaster fernimt ferhurding by dit soarte fan protesten. "Dat wolle wy hiel graach omdraaie, dêrfoar moatte je mei inoar oan tafel sitte. Dat is wat wy yn Súdwest dogge."
De ME yn aksje yn Snits © CAMJO media
Mei dy gedachte is it hiele kolleezje moandei nei it protest ta gien, fertelt sy. "En ek net koart, mar suver twa oeren. Dan is it teloarstellend dat der gjin gehoar jûn wurdt oan ús oprop om oan tafel te kommen en te sjen nei perspektyf."

Sympaty

De boargemaster hat begryp foar de aksjes dy't fan de agraryske sektor komme. "Dêr hiene wy ek sympaty foar. Der kamen oare minsken op ôf dy't dêr neat te sykjen hiene. Op in gegeven stuit grypst yn. Dat ha wy jûns dien."
De Vries is tefreden oer it optreden fan de plysje
"Ik moat sizze dat de plysje dat hiel rêstich en oerwage oanpakt hat en gjin swiere geweldsmiddels yn hoegde te setten. Dêr bin ik tefreden oer."
Neffens De Vries is it begryp foar de boeren nei de aksjes fan moandei net feroare. "Dit wiene hielendal gjin boeren, ús eigen boeren stiene te protestearjen op de rotonde by Dearsum, dêr krige ik pikefel fan."