Griene Wike yn Burgum oer ekologyske fuotprint: "Om't it ús takomst is"

Learlinge Marije © Omrop Fryslân
Hoe bewust binne wy ús fan ús ekologyske fuotprint? As it oan it CSG Liudger yn Burgum leit, meie harren learlingen wol bewuster wurde fan harren omjouwing.
De Griene Wike moat de jongelju helpe mei it tinken oer de natuer, it miljeu, it klimaat en duorsumens.
Jelmer Luyckx, dosint gymnastyk en koördinator fan de wike, fynt dat jongelju mear neitinke meie oer harren ynfloed op de neiste omjouwing: "Alles wat wy dogge hat bepaalde gefolgen. Wy hawwe der just foar keazen om dit lyts en lokaal te hâlden, sadat de learlingen bydragen oan harren omjouwing."

Planten foar fersoargingshûs

Tiisdei en woansdei sille de learlingen praktysk oan 'e gong. "Wy meitsje no de bakken en moarn keapje en plantsje wy planten foar de bewenners foar fersoargingshûs Berchhiem", fertelt Fenja, learling op it CSG Liudger.
Op it CSG Liudger yn Burgum wurdt in 'Griene Wike' hâlden
"It byinoar bringen fan jongerein en âlderein is win-win. De jongelju dogge sa wat foar de âlderein", seit dosint Luyckx. Op tongersdei en freed leit de fokus fan de Griene Wike op sport, lykas sile, dûnsje, kanofarre, suppe, fierljeppe en noch folle mear.

"Us takomst"

Hoewol't it foar de learlingen dreech is om te omskriuwen wat in ekologyske fuotprint krekt is, binne sy dochs eltse dei dwaande mei it miljeu en de klimaataksjes.
"Wy sjogge eltse dei wol wat oer de boereprotesten. Dat hat der ek mei te krijen, troch it stikstof. Mar ik soe it skande fine as der straks de helte minder oan kij is yn Fryslân", seit Fenja.
Marije fynt lykwols ek dat wy in bytsje om it klimaat tinke moatte: "Om't it ús takomst is."