Fokkinga: 'ûnbegryplik' dat stikstofbemiddeler pas yn augustus úteinset

Deputearre Klaas Fokkinga © Omrop Fryslân
Deputearre Klaas Fokkinga fynt it 'ûnbegryplik' dat de stikstofbemiddeler fan it kabinet pas healwei augustus úteinset. Fokkinga kin him de argewaasje fan boeren wol foarstelle.
Wol fynt de deputearre dat boeren it protestearjen binnen wet- en regeljouwing dwaan moatte. Want protestearje by distribúsjesintra hat gefolgen. "Dat kinne je miskien krekt efkes dwaan, mar it is ek gewoan sa dat der bygelyks iten nei sikehuzen giet. Lege winkels smite dochs drege situaasjes op. Ik tink net dat je soks hawwe wolle."
Snein is Johan Remkes (VVD) oansteld as ûnofhinklik petearlieder yn de stikstofkrisis: hy set op 13 july útein mei it tarieden en de bedoeling is dat de dialooch yn de twadde helte fan augustus folget.
"Dat fyn it ûnbegryplik", seit Fokkinga. "Je soene sizze: fuort oanpakke en dizze of nije wike los. Oars bliuwt de situaasje trochsoarjen."
Stikstofbemiddeler Johan Remkes © ANP
Oer Remkes sels, hat Fokkinga net perfoarst in miening. "Dat leit oan Den Haag. Mar wy hawwe wol dúdlik it kommentaar út de agraryske sektor wei heard. Oft dizze persoan akseptabel is foar de agraryske sektor, dêr steane wy bûten."

Krityk op minister Staghouwer

Fokkinga is wol kritysk op de brief dy't minister Henk Staghouwer fan Lânbou koartlyn stjoerd hat. Staghouwer hat mei minister Christianne van der Wal de stikstofkrisis yn portefúlje. Fokkinga: "Wy misse echt doelstelling: wat betsjut de lânbou foar Nederlân? Hoe sjocht er de kringlooplânbou? Hoe sjocht er de sosjaalekonomyske gefolgen?"

Agrarysk autoriteit

Ek pleitet de deputearre foar in 'agraryske autoriteit.' "Der is aanst wol in ekologyske autoriteit dy't oer de Natura 2000-gebieten giet, mar wy soene ek graach in agraryske autoriteit wolle dy't tsjinwicht biede kin."
Minister Henk Staghouwer © ANP
Fokkinga is wol bliid dat Staghouwer oanjout dat er goede lânbougrûn beskermje wol en ree is om wet- en regeljouwing oan te passen. "Der sitte goede punten yn de brief, mar dy binne noch net útwurke."

Stikstofkaar kabinet 'net ús kaart'

Fierder jout de deputearre oan dat de kaart fan it kabinet dy't de stikstofreduksjedoelen oanjout, 'net ús kaart' is. "Wy geane mei ús eigen útfieringsprogramma stikstof oan de gong, wittende dat der yn oktober noch wol oanfoljende doelstellingen komme. Mar dan is der wol in basis om te starten."
Deputearre Klaas Fokkinga
It jild is dêr lykwols noch net foar. Fokkinga: "Wy hawwe noch net in sint op de bankrekken krigen, mar wy ferwachtsje wol dat dizze moanne in beslút komt om 1,2 miljoen beskikber te stellen foar it útfieren fan in tal prosessen. Mar it grutte jild komt pas yn 2024 beskikber, nei't ús plannen ynlevere binne."
Op dit stuit is folle ûndúdlik, der lizze neffens Fokkinga te folle iepen eintsjes. "It is gewoan net helder wat der no barre moat, minsken witte net oft sy ynvestearje moatte of net en banken binne ek weromhâldend."