Waadfûns stipet Tonneloads- en seewierprojekt mei twa miljoen euro

De eardere Tonneloads yn de haven fan Skylge © Waddenfonds
It Waadfûns stipet twa projekten yn de Waadregio mei twa miljoen euro. It giet om it ferbouwen fan in loads op Skylge ta in sintrum foar belibbing en it lokaal ferbouwen fan seewier.
Foar goed 5,8 miljoen euro moat de eardere Tonneloads yn de haven fan Skylge omboud wurde ta in multyfunksjoneel sintrum foar natuer en kultuer, dat sjen litte moat wêrom't de Waadsee wrâlderfgoed is.
De loads wurdt sjoen as yndustrieel erfgoed en it moat nei it duorsum opknappen romte biede oan presintaasjes, tentoanstellingen, kongressen en eveneminten, mar ek oan foarljochting, edukaasje en ekskurzjes.

Seewiertylt en - gebrûk

It oare projekt hat de namme Wad Wier: it draait om it lokaal telen fan seewier yn de kustsône fan it Waad, yn spesjale bassins. Njonken de tyltmetoaden rjochtet him ek op de tapassing fan seewier yn produkten as feefoer, kosmetika en bioplestik. Wad Wier kostet yn totaal goed 3 miljoen euro.
Seewier © Waddenfonds
De partijen dy't de oanfragen dien hawwe, binne de gemeente Skylge en Stichting Technologie Centrum Noord-Nederland. De stipe fan it Waadfûns moat in wichtige bydrage wêze foar de projekten.