LTO stiet efter protesten, mar hopet wol op bliuwend begryp fan de mienskip

Foarsitter Trienke Elshof-Witteveen fan LTO Noord © ANP
LTO Noord hat begryp foar de aksjes fan de boeren, mar ropt wol noch ris op om de aksjes publyksfreonlik te hâlden en net fierder eskalearje te litten.
Neffens foarsitter Trienke Elshof fan lân- en túnbou-organisaasje LTO Noord is it wichtich dat de mienskip begryp foar de aksjes hâlden bliuwt.
De ME moast moandeitejûn yn Snits en op It Hearrenfean yn aksje komme, om't grutte groepen aksjefierders krúsjale distribúsjesintra blokkearren en wegeren om fuort te gean.
LTO Noord hopet dat de mienskip begryp hâlden bliuwt foar de boere-aksjes
"De boeren ha ferskate distribúsjesintra beset yn Fryslân", seit Trienke Elshof. "Se wolle oanjaan dat as der in pear dagen net produsearre wurdt, de skappen dan leech reitsje. Hjirmei meitsje se harren statement."

Begryp

Se fynt it net neat dat de ME ynset wurde moast by de protesten. "Dêrom ek de oprop om it publyksfreonlik te hâlden, sy moatte ek begripen bliuwe wêrom't wy dit dogge."
Elshof sjocht ek dat de aksjes fan boeren troch oare groepen kaapt wurde. "We sjogge dat mear en mear, dat groepen harren oanslute út ûnfrede tsjin de oerheid. Dy binne somtiden mei hiele oare saken dwaande as stikstofbelied en 'voedselvoorziening'."
© Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Hoe't it no fierder moat, wit Elshof net. "It is yngewikkeld. Der is ferline wike in bemiddeler ynsteld en dat is noch net hiel goed ûntfongen. En wêrom soenen wy yn petear as it perspektyf itselde bliuwt?" Neffens har praat LTO al jierren mei oerheden. "Mar dêr is hast neat mei dien."
Trienke Elshof fan LTO Noord
De protesten yn hjoeddeiske foarm sille neffens har yn alle gefallen net ûneinich trochgean. "Ik tink dat der meardere wizen binne om ús ûnfrede as sektor merke te litten."
Neffens har is it dochs wichtich om yn petear te bliuwen. "De besluten wurde dochs om tafel nommen, troch de polityk, en dêr moatte we wêze."