Sân meter lange deade bultrêch oanspield op it strân fan Flylân

It deade bist op Flylân © Twitter Anke Bruin-Kommerij
Op it strân fan Flylân is tiisdei in deade bultrêch oanspield. It giet om in fisk fan 7 meter lang. It bist spielde oan op ôfsletten gebiet fan in oefenterrein fan Definsje.
It is noch net bekend wêr't it bist oan ferstoarn is, ûndersyk moat dêr mear oer útwize. "Omdat het dier al overleden is, willen we zo snel mogelijk aan de slag. Het is vrij warm buiten, het kadaver wordt er niet mooier op", leit maryn biolooch Lonneke IJsseldijk fan de Universiteit Utrecht út.
"In de bultrug zitten bacteriën, en hoe warmer het is, hoe fijner ze het vinden. Het wordt na een tijdje lastiger om organen te herkennen en te beoordelen", seit IJsseldijk.
By Seelân waard yn juny in pear kear inselde soarte bist sjoen. Is net bekend oft it om itselde bist giet. IJsseldijk: "We zien steeds vaker bultruggen in de zuidelijke Noordzee. Dat gaat vrijwel altijd goed, vaak blijft het bij de waarneming. Deze walvissoort kan prima in ondiep water leven. Maar de bultrug die onlangs is gezien leek vrij mager en zag er niet supergezond uit."
It bist by Seelân hie plakken op syn rêch. Om't it deade bist op Flylân op 'e rêch leit kin net samar fêststeld wurde dat it itselde bist is.
De bultrêch wurdt op woansdei fersleept, dêrnei sil in team fan Universiteit Utrecht it omskot ûndersykje en sil it nei Naturalis gean.