GGD Fryslân klear foar nije faksinaasjekampanje; genôch minsken en plakken

In frou krijt in coronafaksinaasje © Omrop Fryslân
GGD Fryslân kin him klearmeitsje foar in nije faksinaasjekampanje tsjin it coronafirus. Minister Kuipers fan Folkssûnens hat de GGD's frege har dêr op ta te rieden.
It coronafirus lôget de lêste wiken wer flink op. Yntusken lizze alwer mear as achthûndert minsken mei corona yn it sikehûs. En de ferwachting is dat it firus foaral nei de simmer wer flink rûngean sil.
"We zijn er klaar voor. We hebben genoeg mensen en genoeg plekken voor de eerste lichting. En we kunnen opschalen voor een tweede lichting", seit Derk Moor fan GGD Fryslân. "We zijn ook bezig om prikkers op te leiden tot testers en andersom, zodat we met een dubbelfunctie maximaal flexibel zijn."
De syktocht nei mear personiel giet ek noch troch. Der binne petearen mei útstjoerburo's. Se kinne it dwaan mei de besteande lokaasjes en kinne de kapasiteit fergrutsje troch de iepeningstiden te ferromjen.
Hy fernimt dat der mear drokte is op de lokaasjes. "Voor het prikken is de belangstelling verdriedubbeld."