Ruslân-korrespondinte Iris de Graaf keazen ta 'RUG-Alumnus van het Jaar'

Iris de Graaf © NOS, Stefan Heijdendael
De yn Ljouwert berne korrespondinte Iris de Graaf is keazen ta 'RUG-Alumnus van het Jaar 2022'. Se wurket foar de NOS as Ruslân-korrespondint.
Neffens de sjuery lit de Russyske ynfal yn Oekraïne sjen hoe belangryk it is dat der ûnôfhinklike sjoernalisten binne dy't de feiten kenne, se tsjutte kinne en meardere stimmen hearre litte. Se sjogge har ek as ynspiraasjeboarne foar studinten.
De priis is bedoeld as wurdearring en oanmoediging.
Sûnt 2009 rikt de RUG jierliks de Alumnus van het Jaar-priis út oan in bysûndere âld-studint. Eardere winners wienen û.o. Jelle Brandt Corstius, Stine Jensen, Christiaan Triebert en Sander de Hosson.
Iris de Graaf studearre Slavyske Talen en Ruslânkunde yn Grins en die ek de master Sjoernalistyk. Yn 2020 begûn se as korrespondint yn Ruslân. Se is ek kollumiste foar de Leeuwarder Courant.
Se krijt de priis op 5 septimber by de iepening fan it Akademysk jier fan de Rijksuniversiteit Groningen.