Acht minsken oanhâlden by ynset fan ME om blokkades aksjefierders op te heffen

Op It Hearrenfean © Noordernieuws
By de ynset fan de ME by ferskillende aksjes yn Fryslân binne acht minsken oanhâlden en ek binne rydbewizen ynnaam. Meardere oanhâldingen wurde net útsletten.
By de aksjes yn Snits en op It Hearrenfean moast de ME moandeitejûn yn aksje komme, om't grutte groepen aksjefierders krúsjale distribúsjesintra blokkearren en wegeren om fuort te gean.
Yn Snits binne persoanen oanhâlden foar iepentlike geweldpleging en it blokkearjen fan de dyk. Op It Hearrenfean binne persoanen oanhâlden foar it net foldwaan oan befel of foardering.
It giet om trije mannen (26, 27 en 30 jier) út de gemeente Opsterlân, fjouwer mannen (22, 50, 51, 55 jier) út de gemeente Súdwest-Fryslân en in man (26) út de gemeente Hearrenfean.