Liveblog | 6 july 2022

Plysje sjit op trekker, lege skappen yn winkels; sjoch werom op de boere-aksjes fan 5 july

Nei in rûzige dei fan boereprotesten wurde op guon plakken wer aksjes hâlden.

  • Yn Easterwâlde, Sint-Anne en op It Hearrenfean is tiisdeitejûn noch protest;
  • Foar it yndustryterrein IBF op It Hearrenfean jildt in needbefel;
  • De boeren ha it terrein om it distribúsjesintrum op It Hearrenfean hinne ferlitten, de ME wie oanwêzich en stie op standby;
  • Ek it Prinses Margrietkanaal by Gaarkeuken is wer frijjûn, dêr't trekkers op de brêge stiene;
  • Supermerken melde minder produkten op foarried te hawwen fanwegen blokkaden;

Dit liveblog is ook in het Nederlands te volgen.

Lêst bywurke: 6 july 2022, 06:38
23:06

Ein fan de liveblog

Oant safier dizze liveblog fan tiisdei 5 july. Al it nijs oangeande de aksjes tsjin it stikstofbelied kinst fansels folgjen bliuwe op ús webside en app.
23:02

Plysje sjit op trekker op It Hearrenfean

De plysje hat tiisdeitejûn meardere skotten lost. Dit barde by de op- en ôfrit fan de A32 by It Hearrenfean. Doe't trekkers de A32 opride woene, besleaten plysjes de demonstranten te blokkearjen. Om't de boeren neffens de plysje troch de blokkade hinne ride woene, fielden plysjes de needsaak om meardere warskôgingsskotten te lossen. De plysje hat trije fertochten oanhâlden.
© Noordernieuws
22:30

Needbefel foar yndustryterrein It Hearrenfean

Der jildt in needbefel foar it yndustryterrein IBF op It Hearrenfean, yn elts gefal oant woansdei. Boargemaster Van der Zwan hat it ôfjûn om nije blokkaden fan distribúsje- en logistike sintra foar te kommen. Mei it needbefel kin de plysje yngripe om eskalaasje foar te kommen. Ek kinne minsken fuortstjoerd wurde as dy ynstruksjes net opfolgje.
Op it IBF wienen tiisdei meardere blokkade-aksjes. Sa waard it distribúsjesintrum fan de Lidl op'e nij blokkearre, mar ek dy fan de SPAR. By in ûntrommingsaksje troch de ME binne moandei trije minsken oanhâlden. De ME moast triengas ynsette.
De plysje yn aksje op It Hearrenfean © Noordernieuws
21:07

Lytse protesten yn Easterwâlde, Sint-Anne en op It Hearrenfean

Yn Easterwâlde hawwe boeren mei trekkers demonstrearre by it gemeentehûs, dêr't it nije kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan Eaststellingwerf ynstallearre waard.
Ek yn Sint-Anne binne noch aksjefierders yn 't spier. By in gruthannel foar griente- en fruit wurde op dit stuit alle tagongsdiken blokearre troch aksjefierders.
Fierder wie by de by de SPAR op It Hearrenfean protest. By it distribúsjesintrum dêr is de ME op 'e nij yn aksje kaam. Nei iennige wjerstân besleaten de measte boeren en oare aksjefierders om it terrein te ferlitten. De ME hoegde gjin geweld yn te setten.
20:14

Sjoch hjir nei in gearfetting fan de boereprotesten yn de ôfrûne dei

In gearfetting fan de boereprotesten yn de ôfrûne dei
19:18

Prinses Margrietkanaal wer frijjûn

It Prinses Margrietkanaal is wer frijjûn troch protestearjende boeren. Dy stiene mei trekkers op de brêge by Gaarkeuken, wêrtroch't de haadfarwei tusken De Lemmer en Delfzijl ticht wie.
De boeren hawwe goed 36 oeren op de brêge stien, krekt nei 18.00 ferlieten sy it plak. De skipfeart kin no wer oer de farwei.