Liveblog | 6 july

Plysje sjit op trekker, lege skappen yn winkels; sjoch werom op de boere-aksjes fan 5 july

Nei in rûzige dei fan boereprotesten wurde op guon plakken wer aksjes hâlden.

  • Yn Easterwâlde, Sint-Anne en op It Hearrenfean is tiisdeitejûn noch protest;
  • Foar it yndustryterrein IBF op It Hearrenfean jildt in needbefel;
  • De boeren ha it terrein om it distribúsjesintrum op It Hearrenfean hinne ferlitten, de ME wie oanwêzich en stie op standby;
  • Ek it Prinses Margrietkanaal by Gaarkeuken is wer frijjûn, dêr't trekkers op de brêge stiene;
  • Supermerken melde minder produkten op foarried te hawwen fanwegen blokkaden;

Dit liveblog is ook in het Nederlands te volgen.

Bywurke: 6 july, 06:38
tiisdei 5 july
23:06

Ein fan de liveblog

Oant safier dizze liveblog fan tiisdei 5 july. Al it nijs oangeande de aksjes tsjin it stikstofbelied kinst fansels folgjen bliuwe op ús webside en app.
23:02

Plysje sjit op trekker op It Hearrenfean

De plysje hat tiisdeitejûn meardere skotten lost. Dit barde by de op- en ôfrit fan de A32 by It Hearrenfean. Doe't trekkers de A32 opride woene, besleaten plysjes de demonstranten te blokkearjen. Om't de boeren neffens de plysje troch de blokkade hinne ride woene, fielden plysjes de needsaak om meardere warskôgingsskotten te lossen. De plysje hat trije fertochten oanhâlden.
© Noordernieuws
22:30

Needbefel foar yndustryterrein It Hearrenfean

Der jildt in needbefel foar it yndustryterrein IBF op It Hearrenfean, yn elts gefal oant woansdei. Boargemaster Van der Zwan hat it ôfjûn om nije blokkaden fan distribúsje- en logistike sintra foar te kommen. Mei it needbefel kin de plysje yngripe om eskalaasje foar te kommen. Ek kinne minsken fuortstjoerd wurde as dy ynstruksjes net opfolgje.
Op it IBF wienen tiisdei meardere blokkade-aksjes. Sa waard it distribúsjesintrum fan de Lidl op'e nij blokkearre, mar ek dy fan de SPAR. By in ûntrommingsaksje troch de ME binne moandei trije minsken oanhâlden. De ME moast triengas ynsette.
De plysje yn aksje op It Hearrenfean © Noordernieuws
21:07

Lytse protesten yn Easterwâlde, Sint-Anne en op It Hearrenfean

Yn Easterwâlde hawwe boeren mei trekkers demonstrearre by it gemeentehûs, dêr't it nije kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan Eaststellingwerf ynstallearre waard.
Ek yn Sint-Anne binne noch aksjefierders yn 't spier. By in gruthannel foar griente- en fruit wurde op dit stuit alle tagongsdiken blokearre troch aksjefierders.
Fierder wie by de by de SPAR op It Hearrenfean protest. By it distribúsjesintrum dêr is de ME op 'e nij yn aksje kaam. Nei iennige wjerstân besleaten de measte boeren en oare aksjefierders om it terrein te ferlitten. De ME hoegde gjin geweld yn te setten.
20:14

Sjoch hjir nei in gearfetting fan de boereprotesten yn de ôfrûne dei

In gearfetting fan de boereprotesten yn de ôfrûne dei
19:18

Prinses Margrietkanaal wer frijjûn

It Prinses Margrietkanaal is wer frijjûn troch protestearjende boeren. Dy stiene mei trekkers op de brêge by Gaarkeuken, wêrtroch't de haadfarwei tusken De Lemmer en Delfzijl ticht wie.
De boeren hawwe goed 36 oeren op de brêge stien, krekt nei 18.00 ferlieten sy it plak. De skipfeart kin no wer oer de farwei.
18:05

De boeren by it distribúsjesintrum op It Hearrenfean binne fuort

De boeren dy't hjoed op 'e nij it distribúsjesintrum fan Lidl op It Hearrenfean blokkearre hiene, binne no fuortgongen. Der wie sûnt de ein fan de middei ME oanwêzich yn de buert fan it sintrum.
Boeren ferlitte it terrein by it distribúsjesintrum op It Hearrenfean © Kappers Media
17:33

De ME stiet klear om ynset te wurden op It Hearrenfean

By it distribúsjesintrum fan Lidl op It Hearrenfean binne meardere ME-bussen oankaam. De Mobiele Eenheid stiet klear om ynset te wurden by de blokkade dy't de boeren hjoed op 'e nij opset ha.
17:15

Boargemaster Westerkwartier: brêge moat om 18.00 oere ûntromme wêze

Boargemaster Ard van der Tuuk fan gemeente Westerkwartier hat de boeren by Gaarkeuken in ultimatum steld. De brêge dêr, dy't al sûnt moandei net mear iepen kin trochdat der trekkers op steane, moat om 18.00 frijmakke wêze. Dat meldt Dagblad van het Noorden.
Troch de blokkade lizze tsientallen skippen stil foar de brêge. De boargemaster tinkt foarearst noch net oan de ynset fan plysje en giet derfan út dat de boeren gehoar jaan sille oan de oprop.
Sa lei it der moandei hinne by de brêge oer it Prinses Margrietkanaal © Noordernieuws
17:04

Supermerken hiene lêst fan lege skappen as gefolch fan boereblokkades

Yn supermerken wiene guon skappen leech
16:23

Minister Van der Wal ferwachtet dat alle partijen oanskowe foar petear mei Johan Remkes

Stikstofminister Van der Wal ferwachtet dat alle boereferieningen oanskowe sille foar in petear ûnder lieding fan Johan Remkes, dy 't oanwiisd waard as bemiddeler troch it kabinet. "Ik gean der ek fanút dat se úteinlik allegear oan tafel sitten gean yn augustus." Se kin har "net yntinke" dat der organisaasjes binne dy't leaver hawwe dat der oer harren praat wurdt yn stee fan mei harren.
In tal boereklups hie hurde krityk op de kar foar Remkes as bemiddeler. Remkes wie ommers ynformateur fan it hjoeddeiske kabinet, en hy skreau in wichtich stikstofrapport op basis wêrfan't de doelen fêststeld binne. Neffens Van der Wal is it just goed dat Remkes bekend is mei dit dossier en har "net noch hielendal ynwurkje moat".
It kabinet kundige dit wykein oan dat Remkes de petearen tusken boeren, it kabinet, provinsjes en oare organisaasjes (lykas natuerklups) liede sil. De Keamer hie om in bemiddeler frege nei oanlieding fan de lilke reaksje fan boeren op de stikstofplannen fan it kabinet.
15:39

Tal aksjes yn Nederlân rint stadichoan werom

It tal boereblokkades fan distribúsjesintra fan supermerken rint stadichoan werom, mar lanlik binne it der noch teminsten sân. "We zien nu dat er steeds vaker gehandhaafd wordt, en dat burgemeesters zeggen dat het nu klaar is", reagearret minister Yesilgöz (Justysje en Feiligens).
Se seit dat boargemasters, de plysje en it Iepenbier Ministearje per gebiet besjen moatte hoe en wannear't er yngrypt wurde moat. "Dat kunnen we nooit vanuit Den Haag per gemeente gaan invullen."
Sy heakket der oan ta dat "uiteindelijk blokkade van een distributiecentrum niet oké is. Dat moet je op een gegeven moment wel stoppen natuurlijk."
15:21

Distribúsjesintrum op It Hearrenfean no wer folslein blokkearre

14:23

Ek de supermerken op de eilannen binne troffen troch blokkades oan de wâl

13:54

Boargemasters wolle ein oan blokkade en roppe op ta petear

"Ik heb gister twee keer gesproken met de boeren en begrijp hun situatie, wanhoop en woede", seit boargemaster Van der Zwan weromsjend op moandeitejûn.
Boargemaster Jan Rijpstra fan Smellingerlân hat moandeitejûn ek mei de boeren praat. "We hebben aangegeven dat hun boodschap duidelijk is en dat we die ook gaan uitdragen bij collega's in Den Haag. We moeten goed in contact blijven met de agrariërs."
13:40

Blokkade by distribúsjesintrum yn Drachten is opheft

De boeren dy't al sûnt moandeitemoarn by it distribúsjesintrum fan supermerk Aldi protestearren, hawwe de blokkade opheft. De plysje wie oanwêzich op it momint dat de trekkers fuortrieden.
De boeren ride fuort by it distribúsjesintrum fan Aldi © Kappers Media
12:27

Trienke Elshof fan LTO Noord: "Boeren meitsje hjirmei harren statement"

Lânbou-organisaasje LTO Noord seit begryp te hawwen foar de boereprotesten. LTO Noord ropt de boeren wol noch ris op om de aksjes publyksfreonlik te hâlden en net fierder eskalearje te litten. De ME moast justerjûn yn Snits en op It Hearrenfean yn aksje komme, omdat grutte groepen aksjefierders distribúsjesintra blokkearren en wegeren om fuort te gean.

Statement

"De boeren ha ferskate distribúsjesintra beset yn Fryslân", seit Trienke Elshof. "Se wolle oanjaan dat as der in pear dagen net produsearre wurdt, de winkels dan leech reitsje. Hjirmei meitsje se harren statement."
De protesten yn hjoeddeiske foarm sille neffens har yn alle gefallen net ûneinich trochgean. "Ik tink dat der meardere wizen binne om ús ûnfrede as sektor merke te litten." Neffens har is it lykwols wichtich om yn petear te bliuwen. "De besluten wurde dochs om tafel nommen, troch de polityk, en dêr moatte we wêze."
12:21

Aksjefierders op It Hearrenfean: "Den Haag jaget ús it asfalt op"

Hjoed demonstrearje boeren op guon plakken op 'e nij tsjin it stikstofbelied fan it kabinet. Ek op It Hearrenfean binne in pear boeren weromkaam, dêr waarden de demonstranten juster troch de ME weistjoerd.
Boer Chris wie juster ek al by it distribúsjesintrum, en is hjoed weromkaam. Neffens him moatte de aksjes by distribúsjesintra sjen litte "dat de Nederlânske boeren essinsjeel binne foar it lân".
Blokkade by distribúsjesintrum Lidl op It Hearrenfean © Omrop Fryslân, Jitze de Vries
"Ik hoopje dat we it ferskil meitsje kinne at we trochsette", seit de boer. Hy fynt it spitich dat der hjoed net mear boeren nei it sintrum kaam binne, mar begrypt it wol. "Wy binne leaver ek net ûnderweis, mar Den Haag jeit ús it asfalt op."
11:50

By meardere supermerken is it oanbod oan produkten lytser is as oars

11:05

Nei it opheffen fan de blokkade yn Snits kinne Poiesz supermerken wer befoarriede wurde

Frachtweinen by it distribúsjesintrum yn Snits © Omrop Fryslân
10:50

Acht minsken oanholden by aksjes fan ME om blokkades op te heffen

By de ynset fan de ME by ferskillende aksjes yn Noard-Nederlân binne acht minsken oanhâlden en ek binne rydbewizen ynnaam. Fierdere oanhâldingen wurde net útsletten.
It giet om trije mannen (26, 27 en 30 jier) út de gemeente Opsterlân, fjouwer mannen (22, 50, 51, 55 jier) út de gemeente Súdwest-Fryslân en in man (26) út de gemeente Hearrenfean.
De ME moast moandeitejûn yn Snits en op It Hearrenfean yn aksje komme, om't grutte groepen aksjefierders krúsjale distribúsjesintra blokkearren en wegeren om fuort te gean.
10:39

Trekkers blokkearje noch hieltyd distribúsjesintrum yn Drachten

It distribúsjesintrum fan Aldi yn Drachten wurdt noch hieltyd blokkearre troch boeren. Dat befêstiget Aldi Drachten tsjinoer Omrop Fryslân. Moandeitemoarn sammelen ferskate boeren harren al betiid by it sintrum.
Trekkers blokkearje fan moandeitemoarn ôf it distribúsjesintrum yn Drachten © Noordernieuws
10:00

Brêge oer it Prinses Margrietkanaal by Gaarkeuken noch hieltyd ticht foar skippen

De brêge oer it Prinses Margrietkanaal hinne by Gaarkeuken is noch hieltyd ticht foar skippen. Dat meldt Rykswettersteat oan RTV Noord. Neffens in skatting fan Rykswettersteat lizze der likernôch fjirtich skippen te wachtsjen by de brêge.
Auto's en oar ferkear kinne wol wer oer de brêge, omdat de trekkers ien rydbaan frij makke ha.
Sa lei it der moandei hinne by de brêge oer it Prinses Margrietkanaal © Noordernieuws
09:30

Coop: minder assortimint

De Coop yn Seisbierrum meldt dat se minder assortimint hawwe omdat frachtweinen net fuort kinne fanwegen blokkades by distribúsjesintra.
09:24

Wer blokkade op It Hearrenfean

Op 'e nij protestearje boeren yn Fryslân. Op It Hearrenfean blokkearje twa trekkers en in heawein de tagong fan it distribúsjesintrum fan de Lidl.
09:20

Wolkom

Goeiemoarn. Yn dit liveblog bringe we nijs oer aksjes fan de boeren tsjin it stikstofbelied fan it kabinet.