Op 'e nij boereprotest; blokkade by distribúsjesintrum Lidl op It Hearrenfean

Blokkade by distribúsjesintrum Lidl op It Hearrenfean © Omrop Fryslân, Jitze de Vries
Op 'e nij protestearje boeren yn Fryslân. Op It Hearrenfean blokkearje twa trekkers en in heawein de tagong fan it distribúsjesintrum fan de Lidl.
Dêrtroch kinne de frachtweinen dy't fuort wolle net fan it terrein ôf en ek de frachtweinen dy't oankomme, stean stil. Se kinne net lade en losse. De frachtweinsjauffeurs komme fan fier, ien út Eindhoven en ien út Seelân. De man út Eindhoven hat ôfbakbroadsjes as fracht. Hy wachtet op ynstruksjes wat er dwaan moat; wachtsje of weromride.
Sjoernalist Jitze de Vries prate mei in dupearre frachtweinsjauffeur
Boeren sizze sa salang mooglik te bliuwen. It gebiet is moandeitejûn ûntromme troch de ME en de boargemaster hat it ta ûntromme gebiet ferklearre. Dêr lûke de aksjefierders har neat fan oan sa't it liket. De ME leit no noch op bêd, sizze se.
De ME fierde moandeitejûn in sjarzje út om de blokkade fan it distribúsjesintrum fan de Lidl op It Hearrenfean op te heffen. Earder op de jûn kaam de ME ek al yn aksje om de blokkade fan it distribúsjesintrum fan de Poiesz yn Snits op te heffen.