Noed by omwenners fan mooglik nij asylsikerssintrum yn Ljouwert

Asylsikers (argyfbyld) © ANP
Tsientallen omwenners fan it mooglik nije asylsikerssintrum yn Ljouwert kamen moandei ôf op in ynformaasjegearkomste.
De bewenners fan de Mr. P.J. Troelstrawei dielden in soad eangsten, soargen en fragen mei it COA, wethâlder Nathalie Kramers en boargemaster Sybrand Buma.
Ferskate riedsleden praten mei de wykbewenners. "Ik heb meerdere keren gehoord dat er zorgen zijn dat het azc zo dicht bij de vliegbasis komt", seit Carlijn Niesink fan de ChristenUnie. "Die zorg leeft ook bij ons in de fractie. Wat doet dat bijvoorbeeld met de kinderen?"

Tsien minsken yn in wenning

It plan is dat der 45 wenningen komme foar 450 minsken. "Dat zijn dus tien mensen per woning. Hoe menselijk is dat? Daar gaan we ook naar kijken." Har partij fynt it wol goed dat Ljouwert opfang fersoarget. "We zien het liever kleinschaliger, dat doet meer recht aan de mensen."
Ek Jan Willem Tuininga fan de FNP hearde noed by wykbewenners. "De grutste soarch is dat der tefolle minsken komme op in te lytse lokaasje. Der komt in doarp mei de omfang fan Lekkum op sa'n lytse stikje grûn. Dat dat ûnrêst jout, snap ik wol."
Ferslachjouwer Ilona de Vries wie by de byienkomst
Corina Dekens fan it COA seit dat se it azc graach realisearje wol. "Dat gaan we zorgvuldig doen, ook met de omgeving."
De ried fan Ljouwert praat woansdei oer de komst fan it nije azc.