ME set triengas yn by sjarzje distribúsjesintrum op It Hearrenfean

De ME yn aksje op It Hearrenfean © Noordernieuws
De Mobile Ienheid hat moandeitejûn op 'e nij in sjarzje útfierd. Dizze kear besocht it de blokkade fan it distribúsjesintrum fan de Lidl op It Hearrenfean op te heffen. De ME sette hjirby triengas yn.
Dit wie nedich om't de ME by de sjarzje bekûgele waard. Troch it triengas kaam de groep aksjefierders yn beweging, meldt de plysje op Twitter,
Neffens ferslachjouwer Hayo Bootsma waarden der ek plysjehûnen ynset. It terrein is yntusken skjinfage. Neffens Bootsma kin it earste frachtferkear alwer terjochte by it distribúsjesintrum.
De plysje meldt dat der trije persoanen oanholden binne foar it net lústerjen nei oanwizingen fan it gesach.
ME yn aksje op It Hearrenfean
Earder op de jûn kaam de ME ek al yn aksje om de blokkade fan it distribúsjesintrum fan de Poiesz yn Snits op te heffen.