Noardlike Rekkenkeamer: kwaliteit stikken Provinsjale Steaten kin better

Provinsjale Steaten © Omrop Fryslân, Onno Falkena
De kwaliteit fan de gearkomstestikken fan Provinsjale Steaten kin better. Dat is ien fan de konklúzjes fan in ûndersyk fan de Noardlike Rekkenkeamer nei de ynformaasjefoarsjenning fan de steaten.
It ûndersyk is moandeitejûn presintearre. Neffens Jan van der Bij fan de rekkenkeamer wrakselje de 43 Fryske steateleden foaral mei slepende kwestjes yn de Fryske polityk, lykas iisstadion Thialf.

Koarter yn de polityk en lytsere fraksjes

Steateleden sitte tsjintwurdich koarter yn de provinsjale polityk as foarhinne. Boppedat operearje se faak yn lytsere fraksjes. Dêrom is it 'ynterne ûnthâld' fan de steaten achterútbuorke.
"Met een grotere fractie kun je de portefeuilles verdelen. De gemiddelde fractie bestaat nu uit nog maar drie leden", seit Van der Bij. "Met kleine fracties is het werk een stuk zwaarder."
Foaral by langrinnende dossiers, lykas Thialf of it Feangreideprogramma, misse steateleden geregeld it oersjoch. Se witte faak net wat der earder besletten is, en ek net wat it effekt wie fan eardere besluten.

Stikken foldogge net oan format

Van der Bij pleitet derfoar om dy eardere ynformaasje tenei sa oersichtlik mooglik op te nimmen yn de fergaderstikken, by foarkar mei in tiidline derby. Mar lang net alle steatestikken foldogge neffens de rekkenkeamer oan it format dat dêrfoar ûntwikkele is.

Weromstjoere

De rekkenkeamer advisearret Provinsjale Steaten dêrom om foarstellen dy't net oan alle easken foldogge, tenei werom te stjoeren en dêr ek strang en konsekwint yn te wêzen.
It Provinsjehûs yn Ljouwert © Provinsje Fryslân
"Je ziet statenleden echt worstelen met het volgen van langslepende dossiers", fertelt Van der Bij. "Sommige slepen al decennia. Dan is er geen statenlid meer die aanwezig was bij eerdere besluiten. Je moet die informatie actief bundelen en aanbieden."

'Ynformaasje yn steate-argyf dreech te finen'

De steaten hawwe wol in eigen argyf. Dêr stiet in soad ynformaasje yn, mar it is foar in soad steateleden in poepetoer om de goede ynformaasje yn dat argyf te finen, sa docht bliken út it ûndersyk. De Noardlike Rekkenkeamer pleitet der dêrom foar om alle ynformaasje te ûntsluten yn in iepenbier tagonklike Kennisbank dêr't ynformaasje oer wichtige dossiers bondele wurdt.

Mear fraksjemeiwurkers yn Fryslân

De rekkenkeamer is net allinnich kritysk oer de gong fan saken by Provinsjale Steaten. De keamer konstatearret ek dat de stipe oan steatefraksjes en steateleden yn Fryslân rynsker is as yn de buorprovinsjes Drinte en Grinslân. Dy stipe is nedich, want lid wêze fan Provinsjale Steaten kostet yn trochsneed samar tweintich oeren yn 'e wike.

Tûzenen siden ynformaasje

Stipe by it ferwurkjen en sammeljen fan alle ynformaasje is dan seker gjin lúkse, fynt Van der Bij. Foar guon gearkomsten kin it wol om tûzenen siden oan ynformaasje gean.
Jan van der Bij fan de Noardlike Rekkenkeamer
Van der Bij pleitet foar in goed ynwurkprogramma foar minsken dy't nij yn Provinsjale Steaten komme. Dat jildt yn it bysûnder foar minsken dy't tuskentiids yn de steaten komme.
Yn Fryslân is dat seker nedich, want fan de 43 steateleden dy't yn 2019 keazen waarden, is al ien op de fjouwer opstapt en tuskentiids opfolge.