Fjouwer oanhâldingen by sjarzje ME by distribúsjesintrum Poiesz yn Snits

In aksjefierder wurdt oanholden © CAMJO media
De ME hat moandei de blokkade fan aksjefierders by it distribúsjesintrum fan supermerk Poiesz yn Snits beëinige. Dêrby binne fjouwer minsken oanholden.
De oanhâldingen wienen fanwegen 'iepenlike geweldpleging' en blokkearjen. De aksje is yntusken foarby.

Needbefel

Aksjefierders blokkearren de hiele dei it distribúsjesintrum fan de supermerk út ûnfrede oer it stikstofbelied fan it kabinet. Letter op de dei krigen se op basis fan de Wet Openbare Manifestatie de opdracht om fuort te gean. Doe't in groep dêr gjin gehoar oan joech, krige de ME de opdracht om yn te gripen.
Neffens de plysje hat in groep minsken harren yn de rin fan de dei by de aksje fan de boeren oansletten. Dit is de groep dy't wegere fuort te gean.
Boargemaster Jannewietske de Vries hat in needbefel útjûn.
Mobile Ienheid grypt yn by blokkade distribúsjesintrum
Neffens ferslachjouwer Casper Slotboom rieden nei de sjarzje fan de ME in protte frachtweinen en auto's fuort by it yndustryterrein dêr't it distribúsjesintrum stiet.
Se giene yn de rjochting fan Toppenhuzen. Guon fan harren besochten om fia de berm de sneldyk op te gean. De ME hie him yn de berm opsteld om dat foar te kommen.
Op bylden dy't op sosjale media rûngean, falt te sjen dat der in protte minsken nei it terrein ta kamen. De plysje fersocht harren de omkriten te ferlitten om't der oars geweld tsjin harren brûkt wurde soe.