Weststellingwerf ferbiedt komst geitehâlderijen

Geiten yn de greide © ANP
De ried fan Weststellingwerf hat ynstimd mei it plan om nije geitehâlderijen yn de gemeente te ferbieden.
Ut ûndersyk hat nammentlik bliken dien dat minsken dy't binnen twa kilometer fan in geitehâlderij wenje mear kâns hawwe op longûntstekkingen.
It RIVM docht no ferfolchûndersyk. De resultaten dêrfan wurde yn 2024 ferwachte. Mocht dan bliken dwaan dat de skealike gefolgen dochs tafalle, dan kin de ried it beslút weromlûke, sei wethâlder Hanneke Zonderland fan de gemeente.