DNA-ûndersyk smyt neat op, noch ûndúdlik oft wolf ponny by Aldhoarne oanfallen hat

De eigener by har deade ponny © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
It is noch net dúdlik oft de ponny dy't op 13 juny dea fûn waard by Aldhoarne troch in wolve-oanfal om it libben kaam is.
By de ponny binne DNA-meunsters ôfnommen om dat te ûndersykjen, mar dat hat gjin resultaat opsmiten. De kwaliteit fan it ôfnommen DNA wie ûnfoldwaande.
BIJ12, in organisaasje dy't provinsjes stipet by faunaskea, sil no ûndersyk dwaan mei oare ynformaasje dy't se oer de saak krigen hawwe. Op basis fan in taksaasjerapport, foto's en ynformaasje fan de belutsen bistedokter ferwachtet BIJ12 in antwurd jaan te kinnen op de fraach watfoar bist de oanfal op de ponny útfierd hat.