Dit is wêrom't fiskers de havens blokkearren

De haven yn Lauwerseach © Kappers Media
Garnalefiskers binne benaud foar harren takomst as de stikstofmaatregels fan it Ryk trochgean. Mei yngong fan 1 jannewaris meie se net mear útfarre as se gjin grutte ynvestearring foar stikstofreduksje oan board dogge.
Lykas de boeren hawwe de fiskers ek te krijen mei de maatregels dy't naam wurde moatte om de útstjit fan stikstof te ferleegjen. Se moatte foar 1 jannewaris 2023 foar 75.000 euro in stikstofferleegjende ynstallaasje yn it skip ynbouwe litte. Oars krije se gjin natuerfergunning en meie se net fiskje.
De blokkades wiene moandeitemoarn yn de havens fan Lauwerseach en Harns. Dêrtroch waarden de fearboaten nei Skiermûntseach en Skylge en Flylân troffen, en dus ek de minsken en it ferfier op de boaten. Yn de rin fan de dei waarden de blokkades wer opheft.
Wurdfierder Johan Seepma fan de Fryske garnalefiskers makket him grutte soargen oer de takomst. "Op 1 jannewaris 2023 is ús natuerfergunning ôfrûn. Mei dit stikstofbelied krije wy gjin nije fergunning. Dan meie al dizze skippen dy't hjir lizze, de haven net mear út."
© CAMJO Media
Yn Lauwerseach gie de haven ticht nei't de earste boat nei Skiermûnteach ôffearn wie. Dan koe de molkwein noch wol op it eilân komme. Sa hiene de boeren gjin skea troch de fiskersaksje.
Fisker yn Lauwerseach
De brêge yn de skutslûs fan Lauwerseach hat ek in skoft ôfsluten west foar autoferkear. De brêge stie permanint omheech. Hy koe net ticht omdat der skippen leine.
Nul stikstofútstjit rêde wy net op, ek net mei skjinne motoaren.
Johan Seepma, wurdfierder Fryske garnalefiskers
Seepma sjocht lykas de boeren neat yn de stikstofplannen fan it kabinet. Neffens de nije plannen soene de fiskers 0 stikstof útstjitte meie, om't se yn Natura 2000-gebiet fiskje. "Dat rêde wy nea, ek net mei skjinne motoaren."

Ammoniak út see?

Hy ferwiist nei emearitus-heechlearaar Han Lindeboom. Dy is promovearre op stikstof en hat krityk op it RIVM-model. De oerheid rekkenet nammentlik ammoniak út see ek mei en dat doocht net, neffens de professor.
It Ryk jout ta dat dat dien is as korreksjefaktor en dat dat net basearre is op ammoniak út see. Wat der no krekt barre sil, is noch ûndúdlik. De minister hat earder ek al sein dat de kaarten in yndikaasje jouwe.

Nije berekkening

De fiskers wolle no in earlike nije berekkening fan it grutte gebiet. Seepma: "Fan binnen de Waadseedyk oant de grutte farrûtes fan skippen ta is allegearre Natura 2000-gebiet. We litte ús bedriuw net kapot meitsje., Der moat wat barre want per 1 jannewaris wurde de fiskgrûnen ús ôfnaam."
Skippen yn Lauwerseach © Kappers Media
Sa't it no liket, sit der foar de fiskers foarearst neat oars op as de ynvestearring te dwaan. Dy komme út op 75.000 euro it skip. Mei dizze hege brânstofprizen is dat net helber, neffens Seepma. En de grutte ynstallaasje past net yn in soad skippen, kwa feiligens en stabiliteit.
Nije wike hawwe de fiskers oerlis mei Fryske steateleden.
Johan Seepma