"Dit is de oplossing foar de stikstofkrisis"

Melkfeehâlder Peter Oosterhof út it Drintse Foxwolde sjocht neat yn de plannen fan minister Christianne van der Wal fan Natoer en Stikstof en minister Henk Staghouwer fan Lânbou foar de oanpak fan it stikstofprobleem en de takomst fan de lânbousektor.
Oosterhof wurket sûnt 2015 op in regenerative wize. Dat betsjut dat natuerlike helpboarnen fersterke wurde yn stee fan útput. Oosterhof brûkt gjin keunstdong en bestridingsmiddels.
Foar syn 115 kij en 44 stiks jongfee hat hy hast 100 bunder krûderyk lânbou- en natoerlân yn besit. Mear as genôch om syn stront oer it eigen lân útride te kinnen. Mar dat docht hy sa min mooglik.
Syn kij binne op syn minst 200 dagen yn it jier yn it lân en as it kin langer. Krekt as it kabinet it graach wol. De sûnens fan de kij, de boaiem en de natoer steane foarop. Sûnt in pear jier hat Oosterhof it predikaat 'biologysk'.
Regenerative melkfeehâlderij
Dochs rint hy mei de plannen fan minister Van der Wal it gefaar dat syn bedriuw ferpleatst wurde moat, om't hy te ticht by natoergebiet Onlanden sit. Oosterhof sjocht yn de plannen fan it kabinet gjin inkeld perspektyf.
Boeren by natoergebieten, sels de boeren dy't alles goed dogge, moatte dêr wei, wylst oaren dy't der fierder by wei sitte, en mooglik folle fersmoargjender binne foar de natoer en it miljeu, gewoan trochgean kinne mei wat se dogge.
Oosterhof snapt dêr neat fan. Hy begrypt de soargen ûnder de boeren hiel goed. Sûnt de plannen fan Van der Wal en it kleurekaartsje dat se dêrby presintearre, sette de banken alle finansiering op slot seit hy.
De ûnwissichheid oer de takomst ûnder de boeren is sa grut dat se it net mear sitten sjogge en de strjitte op geane. Oosterhof kart alle geweld by de demonstraasjes ôf.
Keunstdong en krêftfoer
Neffens him wurdt it heech tiid dat it kabinet it gebrûk fan keunstdong, krêftfoer, bestridingsmiddels en ek bygelyks disel werombringt. Dêr sit yn syn eagen de grutte winst foar de takomst.
Sa'n oanpak soarget foar fermindering fan de stikstofútstjit, de CO2-útstjit en tagelyk foar in folle sûnere boaiem en natoer. Ek finansjeel kin dizze wize fan wurkjen foar in soad boeren tige nijsgjirrich wêze, tinkt hy.
Op syn eigen buorkerij sjocht hy dat er no mear fertsjinnet as doe't hy noch gongber buorke. De produksje fan syn kij is wol flink nei ûnderen gien: fan rom 9000 liter de ko nei goed 6000 liter. Mar syn kosten binne noch mear nei ûnderen gongen. Dat betsjut dat hy mear oerhâldt as yn it ferline.
Oosterhof docht yn de dokumintêre in oprop oan it kabinet om de boeren perspektyf te jaan en no lang om let in ein te meitsjen oan de oanfier fan allerhanne produkten fan bûten (lykas stikstof en krêftfoer) nei de buorkerijen ta. Hy tinkt lykwols dat Van der Wal en Staghouwer dat net oan doarre.
Boeren en harren takomst: boer Oosterhof docht oan regenerative lânbou