Liveblog | 5 july

Sjarzjes fan de ME en havens blokkearre: sjoch werom op de aksjedei fan boeren en fiskers

  • Aksjefierders blokkearren distribúsjesintra fan supermerken yn Snits, Drachten en It Hearrenfean;
  • De Mobile Ienheid grypte yn by de blokkaden yn Snits en It Hearrenfean;
  • It Prinses Margrietkanaal wie ticht foar skippen trochdat boeren mei trekkers op in brêge stienen;
  • Troch blokkades yn de havens fan Harns en Lauwerseach wiene de measte Fryske Waadeilannen ûnberikber;
  • De meldkeamer yn Drachten rôp misken op om allinne 112 te beljen by gefaarlike of libbensbedriigjende situaasjes;
  • Op ferskate plakken yn Fryslân stienen trekkers lâns de dyk.

Dit liveblog is ook in het Nederlands te volgen.

Bywurke: 5 july, 00:26
moandei 4 july
00:25

Oant safier

Wy hâlde dermei op. Al it nijs oangeande de aksjes tsjin it stikstofbelied kinst fansels folgje op ús webside en app.
22:57

ME set triengas yn op It Hearrenfean

De Mobile Ienheid grypt no ek yn op it distribúsjesintrum fan de Lidl op It Hearrenfean. Nettsjinsteande meardere warskôgingen wegeret in groep aksjefierders dêr fuort te gean.
Der wurdt triengas ynset om't de ME troch de aksjefierders bekûgele wurdt.
© Omrop Fryslân
22:32

'Noch hûnderten minsken by distribúsjesintrum Lidl'

In protte aksjefierders hawwe gjin gehoar jûn oan de oprop fan de gemeente om fuort te gean by it distribúsjesintrum fan de Lidl op It Hearrenfean.
Neffens ferslachjouwer Hayo Bootsma giet it om in pear hûndert man. Der steane ek noch in soad trekkers, al binne der wol in pear ôfsetten. Mooglik komt de ME ek hjir noch yn aksje.
20:24

ME yn aksje yn Snits

De ME is yn aksje kaam by de blokkade fan it distribúsjesintrum fan supermerk Poiesz yn Snits. Aksjefierders blokkearje al de hiele dei it distribúsjesintrum út ûnfrede oer it stikstofbelied fan it kabinet.
De ME by it yndustryterrein © Noordernieuws
20:14

Boeren yn petear mei boargemaster Veenstra

Yn De Fryske Marren hat in delegaasje fan de boeren moandei in petear hân mei boargemaster Fred Veenstra. Neffens beide partijen wie it in goed petear.
Feehâlder Wybe Altenburg wie ien fan de minsken dy't derby wêze mocht. De boeren hawwe de gemeente de fraach steld hoe't sy yn de stikstofkwestje steane. De gemeente hat oanjûn dat it besykje sil om it Fryske stikstofplan yn Den Haach oan it fuotljocht te bringen.
De boeren sille nei de simmer yn petear mei de nije wethâlder yn de gemeente oer de kwestje.
Boeren yn petear mei boargemaster Veenstra
19:31

Ofslútdyk rjochting Noard-Hollân ticht

De Ofslútdyk hat in skoft ticht west yn de rjochting fan Noard-Hollân. Dit soe komme troch aksjes fan de boeren. Op foto's is te sjen dat in groep fan meardere auto's de dyk blokkearre.
De pier by Holwert hat ek in skoft blokkearre west, mar dy blokkade wie al fluch wer oer.
Blokkade Ofslútdyk © CAMJO Media
18:05

Gemeenten litte ultimatum los

De Fryske gemeenten binne op dit stuit mei de plysje yn oerlis oer hoe't se de blokkades fan de boeren it bêste beëinigje kinne. Earder kommunisearre de gemeente Súdwest-Fryslân dat de trekkers by it distribúsjesintrum fan de Poiesz yn Snits dêr om 18:00 oere fuort wêze moasten. Neffens de gemeente wie dat gjin hurde rjochtline. Se wolle dermei sizze dat der grinzen binne oan it protest.
17:53

Sjoch hjir nei ús oersjoch fan de boere-aksjedei

De boere-aksjedei yn byld
17:31

'Jonge boeren sette plannen yn de iiskast'

By it Nederlands Agragisch Jongeren Kontakt (NAJK) sjogge se dat in protte bedriuwsoernamen foarearst net trochgean. Troch de stikstofplannen fan it kabinet binne banken weromhâldend mei it finansieren fan sokke bedriuwsoernamen, dat seit Eke Folkerts fan de NAJK.
Folkerts sjocht dat in protte jongeren harren plannen yn de iiskast sette en dat jildt dan net allinnich foar harren ambysjes yn de agraryske sektor. "Jonge ûndernimmers hawwe ek plannen mei it húshâlden. Dat se bepaalde stappen sette yn de priveesfear as se yn in pleats komme, oan bern begjinne bygelyks."
De NAJK fynt it net in goed idee om jild te stekken yn it útkeapjen fan âldere boeren. "Je stekke grof sein jild yn in âldereinwente, wylst je ek jild yn ynnovaasje stekke kinne. Dan bliuwt it jild yn de sektor en makkest in moaie slach foar de natoer."
Eke Folkerts
16:39

No al 'lytse gatsjes' yn de supermerk fan Damwâld

Troch de blokkades fan distribúsjesintra troch de boeren, soenen de skappen yn de supermerk wolris leech reitsje kinne. Yn Damwâld meitsje se harren dêr noch net bot drok oer. Supermerkmanager Durk de Boer fan de Albert Heijn yn it doarp seit: "Kinst der dochs neat oan dwaan en ik begryp de boeren eins ek wol."
Tagelyk stelt hy dat langere blokkaden wol gefolgen hawwe sille foar de foarrieden. "We ha der wol wat rekken mei hâlden, mar je witte net hoe't it de kommende dagen giet. Foaral de skappen mei lang hâldbere produkten, frisdrinken en sjips sille wol wat leech rinne. Sjochst no al wat lytse gatsjes."
16:07

'Blokkade Snits moat om 18:00 oere oer wêze'

De blokkade by it distribúsjesintrum fan in supermerk yn Snits moat op syn letst om 18:00 oere opheft wêze. Dat stelt it kolleezje fan Súdwest-Fryslân. Oft de boeren fan doel binne harren oan it ultimatum te hâlden en wat der bart as se harren dêr net oan hâlde, is net bekend.
De boeren blokkearje it sintrum om derfoar te soargjen dat der lege skappen yn de supermerk komme. Sa wolle se sjen litte wat de situaasje wêze soe as it stikstofbelied fan it kabinet trochset wurdt, stelle de aksjefierders.
15:28

Trekkers troch de Nijstêd

Trekkers ride troch de Ljouwerter binnenstêd © Omrop Fryslân
15:12

Tweebaksmarkt ôfsletten, trekkers by de Aldehou

De plysje hat de Tweebaksmarkt yn Ljouwert ôfsletten om foar te kommen dat de boeren dy't troch Fryslân ride nei it provinsjehûs ta komme.
Undertusken stiet in groep fan 20 trekkers op it plein by de Aldehou.
14:37

Dit is wêrom't fiskers de havens blokkearren

Garnalefiskers binne benaud foar harren takomst as de stikstofmaatregels fan it Ryk trochgean. Mei yngong fan 1 jannewaris meie se net mear útfarre as se gjin grutte ynvestearring foar stikstofreduksje oan board dogge. Lykas de boeren hawwe de fiskers ek te krijen mei de maatregels dy't naam wurde moatte om de útstjit fan stikstof te ferleegjen.
Blokkade fan de haven fan Lauwerseach © Kappers Media
14:30

Ferkear stiet stil op Ofslútdyk troch stadich ridende trekkers

Op de Ofslútdyk stietit ferkear yn de rjochting fan Fryslân sa goed as stil. Rykswettersteat befêstiget dat it git om in file dy't feroarsake waard troch trekkers dy't mei in slakkegong oer rjochting Fryslân riden.
File by Koarnwertersân © Google Maps
14:03

Boeren stiene oere lang by fêstiging fan FrieslandCampina yn Gerkeskleaster

Tsientallen trekkers binne oan it begjin fan de middei gearkommen by de fêstiging fan FrieslandCampina yn Gerkeskleaster. Se blokkearren dêr de yngong fan it terrein. Yntusken is de blokkade wer opheft.
Trekkers by FrieslandCampina yn Gerkeskleaster © Noordernieuws
14:01

"Bemiddeling Remkes inkeld om de boel rêstich te hâlden"

It is in swaktebod dat Rutte sels net it petear oangiet mei de boeren oer de stikstofkrisis, mar dat Johan Remkes nei foaren skood wurdt. Dat seit Trienke Elshof fan boere-organisaasje LTO. Remkes hat wol goede dingen sein, seit se, mar hy hat gjin draachflak. En as der gjin romte is, wat is der dan te ûnderhanneljen?
Trienke Elshof LTO Noord © Omrop Fryslân. Gerrit de Boer
Trienke Elshof oer Remkes
LTO Noord wol dat der ien komt dy't wat te bieden hat om dingen wol dwaan te kinnen. It is net sa dat boeren gjin stikstof redusearje wolle. Dêr is wol romte foar nedich., Sûnder 'wikseljild' binne de ûnderhannelingen allinnich mar rjochte op de boel rêstich te hâlden. "Dan is it belang net mear ús belang", seit Elshof.
13:35

Fryske CDA-lieder Douwstra: "Regear moat op 'e nij om de tafel"

De Fryske CDA-lieder Friso Douwstra kin him fine yn de krityk dy't regionale bestjoerders ôfrûne wykein utere hawwe yn de rjochting fan de CDA-partijtop oer de oanpak fan de stikstofkrisis. "Sa kin it net. Yn Fryslân wiene we aardich ûnderweis mei oplossingen en gebietsrjochte oanpak", seit Douwstra.
Op in spesjale byienkomst krigen partijlieder Wopke Hoekstra en keamerlid Derk Boswijk flink op 'e hûd fan de achterban. Douwstra wie der net by, mar begrypt it wol. Neffens him moat it regear werom nei de tekentafel mei de stikstofmaatregels. "It falt folslein ferkeard. Net allinnich yn de sektor, myn partij of Fryslân, mar yn de hiele mienskip."
Friso Douwstra © Omrop Fryslan
12:55

Benammen skoalbern troffen troch blokkade Harns

Der binne in protte skoalbern by de minsken dy't troffen binne troch de blokkade fan de haven fan Harns, earder fan 'e moarn. Se woene op skoalkamp of wurkwike nei Flylân of Skylge.
Rederij Doeksen hie minsken advisearre om net mear nei Harns te kommen, mar foar hiel wat minsken kaam dat advys te let.
Sa belibbe Harns de blokkade fan de haven
De haven fan Harns is yntusken wer iepen, en de fearboaten farre wer. Rederij Doeksen hat de tsjinstregeling oanpast. Aktuele boattiden binne te finen op de webside fan Doeksen.
12:39

Meldkeamer: Belje allinne 112 by gefaarlike of libbensbedriigjende situaasjes

De meldkeamer fan Noard-Nederlân yn Drachten ropt minsken op om weromhâldend te wêzen mei iit beljen nei it neednûmer 112. "In verband met de boerenprotestacties het verzoek alléén 112 te bellen wanneer er zich gevaarlijke en/of levensbedreigende situaties voordoen", skriuwt de meldkeamer op twitter.
In wurdfierder lit witte dat de meldkeamer de telefoantsjes no noch wol oan kin. By eardere boere-protesten wiene der mear minsken dy't bellen, omdat der diken blokkearre waarden troch trekkers. Sokke sitewaasjes binne net bedoeld foar 112, seit de wurdfierder fan de meldkeamer.
Op dit stuit falt it ta mei blokkades op de dyk. Op de N31 by Marsum stiet it ferkear stil yn de rjochting fan Ljouwert.
De meldkeamer yn Drachten beäntwurdet telefoantsjes foar de plysje, brânwacht en ambulânsetsjinst yn Fryslân, Grinslân en Drinte.
12:09

Haven Harns wer iepen

De haven fan Harns is wer iepen foar it skipfeartferkear. Dat meldt ferslachjouwer Lennard Geerts yn de haven. "Sadra't de haven hjir wer frij is, sil alles wer op gong komme."
© CAMJO Media
Guon minsken dy't mei de boat woene, ha in oare oplossing fûn, seit Geerts. In wettertaksy bygelyks, Mar de measten moasten wachtsje.
Dizze minsken woene yn Harns op de boat stappe
12:06

Distribúsjesintrum Poiesz Snits ôfsletten

It distribúsjesintrum fan supermerk Poiesz yn Snits is ek blokkearre. Boeren hawwe trekkers en in frachtwein foar de yngong fan it sintrum set.
De sfear is gemoedlik. Minsken stean op strjitte, fertelt ferslachjouwer Hayo Bootsma. It distribúsjesintrum hat trije yngongen. Alle trije binne blokkearre mei trekkers of frachtauto's. Yn it begjin fan de strjitte lizze balen kuil op strjitte, sadat der gjin grut ferkear del kin.
© Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Oan de achterkant is de situaasje wol wat gaoatysk. Oan de iene kant wurdt boud. Der stiet in kraan mei frachtauto's dy't materiaal oanleverje. Oan de oare kant wurdt de dyk blokkearre foar it distribúsjesintrum fan de Poiesz.
Ferslachjouwer Hayo Bootsma yn Snits
12:05

Boargemaster Skylge: "De veerdienst is onze levensader"

Yn de haven fan Harns wachtsje in soad reizgers dy't nei Skylge wolle. It is ek de tiid fan skoalreiskes, dêrom steane der in protte bern. "We zitten nu al heel lang te wachten, maar we vermaken ons wel", seit ien fan de bern.
Bûten de terminal stiet it ek fol, en net allinnich mei reizgers. In soad Harnzers binne nei de haven ta kommen om de blokkade te besjen.

Libbensier blokkearre

Boargemaster Caroline van der Pol fynt de situaasje ek skande foar bern en fakânsjegongers. "Maar je hebt natuurlijk ook mensen die voor een medische behandeling of een uitvaart naar de wal moeten. De veerdienst is onze levensader en dat is nu geblokkeerd."
Boargemaster Caronline van der Pol fan Skylge
11:44

Waadgemeenten regelje needferfier foar minsken mei medyske spoedôfspraak

De gemeente Skylge set hjoed in wettertaksy yn foar eilanners dy't in medyske spoedafspraak hawwe op it fêstelân. Flylân seit per gefal te besjen hoe't ferfier oer it wetter regele wurde kin as der in medyske needsaak is. Dat litte beide Waadgemeenten witte, no't der gjin feartsjinsten mooglik binne troch de blokkade fan de haven yn Harns. It is neffens Harns net bekend hoelang't de blokkade noch duorje sil.
Minsken dy't yn Harns binne en nei de eilannen ta wollen hiene, kinne foarearst terjochte yn ferskate hotels en restaurants yn de stêd.
11:13

Op basisskoallen yn Noardeast-Fryslân dogge skoalbern mei oan de aksjes

Op twa skoallen, yn Ie en yn Westergeast, dogge bern mei oan de aksjes fan boeren tsjin it stikstofbelied. In soad skoalbern komme mei learzen, klompen of in overall op skoalle.
Skoalbern komme yn overall en op klompen op skoalle
10:45

Sa foarmen de fiskersboaten yn Harns in blokkade (Bron: webcam-harlingen.nl)

Timelapse fan de blokkade fan fiskersboaten yn Harns
10:24

Blokkade fan fiskersboaten by Lauwerseach is opheft

De fiskersboaten dy't de haven fan Lauwerseach sûnt sneintejûn blokkearre hienen, binne fuortfearn. Dat betsjut dat de haven wer iepen is foar skipfeart.
Blokkade haven Lauwerseach wer opheft © Vesselfinder
09:37

Tsientallen trekkers blokkearje yngong distribúsjesintrum yn Drachten

Trekkers by in distribúsjesintrum fan Aldi yn Drachten © Noordernieuws
Moandeitemoarn betiid rieden tsientallen trekkers nei it distribúsjesintrum fan supermerk Aldi yn Drachten. Der kinne gjin frachtweinen mear komme om te lossen.
09:32

Reizgers dy't nei Flylân soene, kinne yn Harns terjochte yn hotels en restaurants

"Een aantal horecagelegenheden in Harlingen is open voor gestrande reizigers", skriuwt de gemeente Flylân op Twitter. "Reizigers zijn van harte welkom in de hotels Anna Caspari, Zeezicht en 't Heerenlogement. Een aantal horecagelegenheden aan de Groote Bredeplaats is ook geopend."
09:20

Trekkers blokkearje Prinses Margrietkanaal

Mei sa'n 20 trekkers blokkearje boeren in brêge by Gaarkeuken yn Grinslân, oer it Prinses Margrietkanaal. Dêrtroch kin der gjin skipfeartferkear oer it Prinses Margrietkanaal. Dat kanaal is ien fan de wichtichste farwegen fan Noard-Nederlân.
09:03

Doeksen: Kom net nei Harns

Rederij Doeksen advisearret passazjiers om net nei Harns te kommen. De haven is ôfsletten troch fiskers. Fearboaten kinne net by de terminal komme.
"Dit betekent dat onze schepen niet kunnen varen. Inwoners en toeristen kunnen dus niet van de eilanden af, maar ook reizen naar de eilanden toe is onmogelijk op dit moment", meldt de rederij.
Yntusken wurdt dúdlik dat de feartsjinst tusken Den Helder en Texel wer farre kin. Fiskers hiene earder op de dei de haven fan Den Helder ôfsletten. De fearboat koe dêr ek net troch.
08:40

Boeren op Sintrale As by Dokkum

Boeren ride mei trekkers oer de Sintrale As. By Dokkum binne se de dyk op gien. Yn it hiele lân binne plannen om op sneldiken aksje te fieren tsjin it stikstofbelied. Earder op de moarn wie dêr noch net safolle fan te fernimmen, mar neffens plannen dy't online bepraat wurde, kin it letter moandei noch wol drok wurde.
Yn appgroepen prate boeren mei-inoar, benammen op de berjochtetsjinst Telegram. Yn alle tolve provinsjes soene aksjes komme fan boeren dy't mei trekkers op rykswegen ride wolle. Der is gjin sintrale rezjy, dus it is net dúdlik hoe't dat krekt útpakke sil.
08:34

Doeksen: "As it sa trochgiet, moatte de boaten werom nei de eilannen"

As it sa troch iet, kinne der gjin nije passazjiers oan board komme om nei de eilannen te farren. Dat seit direkteur Dirk Spoor fan rederij Doeksen tsjin Omrop Fryslân.
De fearboaten kinne net by de terminal yn Harns komme dêr't se normaalwei oanlizze, troch in blokkade fan fiskers. De snelboat leit no op in oar plak, en mei in grutte loopplank binne de passazjiers dêr fan board gien.
"Wa't der ôf woe, koe der ôf, Mar net elkenien woe dat. Dus we binne mei de snelboat werom nei Skylge gien, om de minsken dy't werom woene, wer nei Skylge te bringen."

Weromfarre

Spoor seit dat de oare boat besykje sil om op itselde plak oan te lizzen. Auto's kinne der dêr net ôf. "As it sa trochgiet, moatte de boaten werom nei de eilannen farre."
De blokkade hat in grutte ynfloed op de eilannen, seit Spoor. "Der binne minsken dy't nei it sikehûs moatte. Der moat fracht nei de eilannen. De effekten binne grut."

Waadeilannen ûnberikber

Net allinne de fearboaten nei Skylge en Flylân hawwe lêst fan de blokkades. De fearboaten nei Teksel en Skiermûntseach farre ek net, troch blokkades fan fiskers. Allinne de fearboat nei It Amelân fart noch wol.
Harkje nei direkteur Dirk Spoor fan rederij Doeksen
08:27

Trekkers by de dyk Ingwierrum-Dokkumer Nije Silen

By de dyk fan Ingwierrum nei Dokkumer Nije Silen steane tsientallen trekkers opsteld, mei spandoeken en flaggen. De earsten binne dêr snein al kaam. Neffens streekomrop RTV NOF binne de bern fan de basisskoallen yn de regio oproppen om moandei yn overall en op learzen of klompen nei skoalle te gean.
Trekkers by Dokkumer Nije Silen © Kappers Media
08:25

Dit is hoe't fiskers de haven fan Lauwerseach platlizze

Yn Lauwerseach kin gjin boat mear de haven yn of út. Dit is hoe't se de haven fan 'e moarn blokkearren:
De haven fan Lauwerseach is ek ôfsletten
08:23

Yn Dearsum stean trekkers op de rotonde

Op in rotonde by Dearsum stean by de kant fan de wei del trekkers opsteld. Sy stean net op de dyk omdat se it ferkear út Snits wei en de oare kant op net blokkearje wolle. "Wy dogge dit om sjen te litten dat wy it net iens binne mei de polityk yn Den Haag", seit ien fan de boeren.
It doel fan de protesten is dúdlik, seit er: "Wy hoopje te berikken dat dat hiele stikstofplan fan tafel giet."
Boeren op de rotonde by Dearsum © Omrop Fryslân
08:09

Hieltyd mear frachtweinen stean stil by distribúsjesintrum op It Hearrenfean

Der stean hieltyd mear frachtweinen stil by it distribúsjesintrum op It Hearrenfean. Fan boppen is te sjen dat it in lange file wurdt.
Dronebylden blokkade distribúsjesintrum Hearrenfean
08:04

Haven fan Harns ticht, minsken kinne net fan fearboat ôf

De haven fan Harns is ôfsletten troch meardere fiskersboaten. De feartsjinst fan rederij Doeksen koe dêrtroch net oanlizze en moast op syk nei in oar plak om oan te lizzen.
Havens Harns is ôfsletten
De snelboat leit no oan by in oare steger, mar dêr kinne minsken net samar op de wâl komme. Dêr moat earst in grutte loopplank foar komme. "Als dit de hele dag zo blijft, wordt het een hele operatie", seit ferslachjouwer Lennard Jan Geerts yn Harns.
07:55

Boat fan Skiermûntseach fart werom nei it eilân

07:36

Haven Harns ôfsletten, snelboat Tiger kin net fierder

Fiskers hawwe de haven fan Harns blokkearre. Meardere skippen lizze stil foar de yngong. Dêrtroch kinne oare skippen de haven no net mear yn of út.
De oankommende fearboat Tiger fan Doeksen ferdage yn de haven foar de blokkade. De boat koe der net troch.
De feartsjinst fan Teksel is ek blokkearre troch skippen.
"Ook vanuit de visserij een actie om de boeren te steunen, we zitten in hetzelfde schuitje", seit in aksjefierende fisker.
07:33

Fertsjintwurdiger Fryske garnalefiskers: "Wy ha no alles ticht, de brêge stiet no ek omheech"

De garnalefiskers yn Lauwerseach fiere op dit stuit aksje yn de haven. Dit ek yn ferbân mei de stikstofproblematyk en út solidariteit mei de boeren en de frachtweinsjauffeurs. De fiskers ha ek te krijen mei de maatregels dy't naam wurde moatte om de útstjit fan stikstof werom te bringen.
Mar neffens Johan Seepma is der op de Waadsee en lâns de Noardseekust net sprake fan oerskrieding fan de stikstofdeposysje. Hy is fertsjintwurdiger fan de Fryske garnalefiskers.
"Wy ha no alles ticht", seit Seepma. De brêge yn de slûs fan Lauwerseach is no ek ôfsluten foar autoferkear. De brêge stiet permanint omheech. Hy kin net ticht omdat der skippen lizze.
Seepma sjocht lykas de boeren dy't protestearje neat yn de stikstofplannen fan it kabinet. Neffens de nije plannen soene de fiskers neat mear útstjitte meie, om't se allinnich mar yn Natura 2000-gebiet fiskje, leit er út. "Neat útstjitte, dat is ûnmooglik."
Fiskers by Lauwerseach
07:30

Prinses Margrietkanaal ticht troch blokkade op brêge

It Prinses Margrietkanaal is ticht foar skipfeartferkear. Dat meldt Rykswettersteat. Der stean trekkers op de brêge by Gaarkeuken yn Grinslân. Dy kin no net omheech. It is in lege brêge, dêr't skippen ek net ûndertroch kinne.
07:13

Fiskers blokkearje de hiele haven by Lauwerseach

© Kappers
Fanwegen in blokkade fan fiskersboaten yn de haven fan Lauwerseach is de haven net mear tagonklik foar skippen. "Ze hebben de boel geblokkeerd. Het visserijgedeelte is afgesloten, daar kan inderdaad geen schip meer in of uit. Ik verwacht dat dit zeker de hele nacht gaat duren", sei de havenmaster sneintejûn, dy't net by de namme neamd wurde wol.
Hy seit dat de aksje nei alle gedachten te krijen hat mei de aksjes fan boeren dy't foar hjoed oankundige binne. Sneintejûn wie allinnich it stik foar fiskerij ôfsletten, yntusken is de hiele haven ticht.
07:08

Boeren foar it earste ljocht al ûnderweis

Noch foar it earste ljocht wiene al boeren mei trekkers ûnderweis. Mei trekkers binne se nei Drachten riden, om it distribúsjesintrum fan de Aldi te blokkearjen. Dêr is op de dyk no noch hieltyd gjin trochkommen oan.
Boeren betiid op paad
06:29

Trekkers sinjalearre op de A7 by Drachten

Op de A7 by Drachten binne trekkers op de dyk sinjalearre, meldt Rykswettersteat. Neffens in wurdfierster is der gjin sprake fan blokkades en binne der noch gjin files ûntstien. "Dat komt omdat er op dit tijdstip nog weinig verkeer is op de weg", seit de wurdfierster.
06:20

Boeren blokkearje distribúsjesintrum op It Hearrenfean

Boeren by in distribúsjesintrum op It Hearrenfean © Omrop Fryslân
Der steane tsientallen trekkers foar it distribúsjesintrum fan de supermerk Lidl op It Hearrenfean. It wie de bedoeling om allinnich it distribúsjesintrum te blokkearjen, mar mei de frachtweinen dy't op en oan ride is de strjitte no dochs ticht.
Ien fan de dielnimmers fan it protest fertelt wêrom't er aksje fiert. Hy is gjin boer mar ien dy't beammen rûget. "Ik fyn dit in waansinnich belied. Komplete boerehúshâldingen dy't meardere generaasjes in pleats hawwe. Boeren wurdt it ûnmooglik makke."
Sels sit er net yn de sektor, mar hy tinkt dat oare sektoaren yn de takomst ek te meitsjen krije sille mei it stikstofbelied. "Ik wol it foar wêze. Hjoed de hiele bliuwe wy hjir stean."
06:00

Wolkom by dit liveblog

Goeiemoarn. Foar hjoed steane der aksjes fan de boeren tsjin it stikstofbelied fan it kabinet op stapel. Yn dit liveblog hâlde we jo op de hichte fan de aksjes en de gefolgen dêrfan.