FNP komt mei petysje tsjin rekkenriden: "Yn de regio gjin reëel alternatyf foar de auto"

Drokte op de dyk © ANP
De FNP hat in petysje opset tsjin de lanlike ynfiering fan it rekkenriden. Freed stelde it kabinet 'een eerste uitwerking' fêst dy't liede moat ta it beteljen foar eltse kilometer dy't der in de auto riden wurdt.
No betelje minsken noch foar it besit fan in auto. Minister Mark Harbers sei dat it net útmakket op hokfoar plak der riden wurdt. Allinnich it tal riden kilometers is fan belang.
Dat stuitet de FNP, Groninger Belang en Sterk Lokaal Drenthe tsjin it boarst. Yn de regio rinne de foarsjenningen werom en wurdt it iepenbier ferfier ôfbrutsen, stelle se. Se sizze dat der dêr folle mear mei in auto riden wurdt om't der gjin reëel alternatyf is. Mei de petysje hoopje de partijen it plan sa't it der no leit te kearen.