Fryske cheerleaders kroane harren ta Europeesk kampioen

De nije Europeesk kampioen © Monique Zandstra
De cheerleaders fan Dutch Athletics Elite fan It Hearrenfean binne Europeesk kampioen wurden. Yn Atene bleaunen se konkurrinten út Switserlân, Poalen en Grikelân foar.
Yn de All Girl Elite L5-klasse krigen se 371,5 punten foar harren finale-útfiering. Dat wie rom foldwaande om de Winterthur Warriors út Switserlân te ferslaan. De Switsers hellen 341,5 punten en waarden dêrmei twadde. Global Cheer út Poalen waard tredde mei 330 punten.
De cheerleaders yn aksje © Monique Zandstra
Cheerleading is in kombinaasje fan dûns, akro, turnjen en in bytsje show. Yn hiel Nederlân binne der mar fyftjin ferieningen, wêrfan't mar ien yn Fryslân, de Dutch Athletics Elite.
Dat sy op it wrâldtoaniel goed meidogge, die earder dit jier al bliken doe't de froulju twadde waarden op it WK.